It âlde ferhaal

Hast trijetûzen jier ferlyn fertelde de bline dichter Homerus it ferhaal fan Odysseus. Dy Grykske held hat ûnder lieding fan kening Agamemnon tsien jier meifochten om de stêd Troaie te ferneatigjen. Earst dan kin er werom nei hûs. Mar de seegod Poseidon is lilk op him en behinderet de reis. As syn mannen dan ek noch de sinnegod Helios poerrazen meitsje om't se fan dy syn kostlike kobisten ite, soargje beide goaden derfoar dat it skip fergiet en dat de bemanning omkomt. Allinnich Odysseus bliuwt oer en spielt oan op it eilân dêr't de nimf Kalypso wennet. Dy rekket fereale op him en lit him net wer gean. Mar de goadin Athene soarget der foar dat Kalypso har leafste nei sân jier wer de frijheid jout om syn reis te foltôgjen. It klassike epos is legendarysk wurden. Odysseus moat tal fan gefaren oerwinne om wer thús te kommen. Troch in list kin er noch mar krekt ûntkomme oan it ieneagige meunster dat him en syn folk opfrette wol, hy kin syn mannen dy't troch in bloedmoaie heks yn bargen feroare binne, weromtsjoene en wit te ûntkommen oan de ferlieding fan de Sirenen, dy't syn skip op de rotsen rinne litte wolle. Boppedat is er sterk genôch om wjerstân te bieden oan it berûzjende krûd fan de Lotusiters en it loksillige libben op it paradyslike eilân fan de Faiaken. As er nei tsien jier omswalkjen weromkomt by it paleis dêr't syn frou Penelope en Telemachos, syn soan, noch altyd op him wachtsje, docht bliken dat it belegere wurdt troch in kloft frijers. Uteinliks wit Odysseus ek dy fijannen mei in tûke list te ferslaan.

It wrâldferneamde ferhaal giet oer in thúsreis troch de wrâld sa as de âlde Griken dy seagen, mar it wurdt meast lêzen as in parabel oer de syktocht fan in minske nei syn djipste wêzen. En yn dy sin is it noch altyd fan krêft. De gefaren dy't Odysseus oerwinne moat, kinne besjoen wurde as ôfspegelingen fan de problemen dêr't immen hjoed-de-dei likegoed noch foar komt te stean.

Besjoch dizze trailer fan The Odyssey (1997) om in byld te krijen by de Odyssee: