Ha jim it al heard? 6

Wy meie de tún langer net oer de stoepe groeie litte. De jongerein hat der lêst fan as se der mei bernewein op út sille en de âlderein mei de skokarre brekt sa stadichoan de nekke oer de Redúster wyldgroei Ja. En alle oaren fine it gjin gesicht. Dat hawwe wy allang lêzen yn de Linepraat en der stie ek in dúdlike warskôging op de doarpsside. Elkenien hat it der oer. En dêr komsto no mei oan? Hasto gjin nijtsjes mear oer Oeds? Nee. En dy nijtsjes hawwe jimme fansels ek al lang fernommen. Jimme hawwe my moai te fiter hân, hear. My iderkear kwiiskwâns ûnnoazel útkloarkje sadat dy Ieme fan jimme wer sa'n ôfwaaid stikje skriuwe koe. En dat allinnich mar om my yn it iepenbier te kakken te setten. Do moatst net sa raar. Hoe komst dêr no wer by? Haw ik ea sein dat it doarp ferlet hie fan bargen, of dat der in wedstryd útskreaun wurde soe foar de moaiste fontein? Dat wie mar in grapke, dat begrypst dochs wol? En dat ferhaal oer dy tribune op in trekkarre wie al hielendal te gek foar wurden. Ik skamje my dea. Dêr moatst net sa swier oan tille. Do kinst dochs wol oer in aardichheidsje? Jimme betinke dy aardichheidsjes tenei sels mar. My sille jimme der net wer oer hearre. Gegroet! No, ik bin benijd. Ieme H.

Werom nei de haadside