200 frijwilligers

200! Safolle , ja! De simmer is hast foarby. Noch efkes ‘Merkje'” en dan giet it winterskoft wer yn. En yn dat skoft sille it barre. We sille los mei OEDS FAN FIERWEI. De reis fan Odysseus oersetten nei ús fjouwer doarpen. Op 18 septimber is der in foarljochting by Jeroen en Lutske. Om 8 oere. Dêr hoopje we in protte minsken begroetsje te kinnen. WANT… We ha al in jier as trije in kommisje fan tarieden. Mei profs as Sytse Broersma en Peter Sijbenga. Der komme no by Janneke de Haan (rezjy), Rianne Hogeveen (produksje) en Geartsje van der Zee (dekors) Spilers as Popke van der Zee en Sjoerd Blom. MAR…. DER BINNE NOCH IN HIELE PROTTE OAREN NEDICH!!! We ha in saneamde ‘Customers Journey” útsetten. In reis fan it publyk bylâns de spylplakken. Oan helpers ûnderweis allinne bin der al in 50 minsken nedich. Dêrneist is der fansels ferlet fan bouwers, sjouwers, timmerlju, kleanmakkers en fansels spilers en spylsters. Fan dat lêste bin der al in 60, sa rûze we. Al mei al ha we ferlet fan in 200 frijwilligers. En dat binne jimme allegear meielkoar. Elk dy’t wol kin meidwaan. Foar elk is der grif in plakje. En fierders moat der fansels ek publyk wêze. Te grut foar ús fjouwer doarpen? Ik leau der neat fan. We kinne dat! Mei elkoar sette we in prachtige OEDS FAN FIERWEI op 'e planken, op it gers, op 'e dyk. Oeral yn de fjouwer doarpen spylje we. En letter sizze we tsjin elkoar: “Witst noch wol…” Oant sjen. Oant OEDS.

Werom nei de haadside