Fan FIER 7

Rûnom libje lytsje barchjes bargjend har bestean. Sjochst se mei har bargewyfkes djoer út iten gean, om yn sneinske klean har fet te fretten! Dat songen de Beatles yn 1968 op de ûnferjitlike 'wite' dûbeld-lp. It fleurige klavesimbelbegeliedinkje fersoarge in beskaafde ûndertoan, dy't yn skerp kontrast stie mei de gnoarjende bylûden op de eftergûn. It ôfseage slotakkoard fan in grut symfony-orkest makke it grapke folslein. Dat mei dy barchjes de rike stjonkerds bedoeld waarden, dy't gjin oar doel yn it libben hiene as woltier en konsumpsje, wie foar elts dy't it nûmer hearde, sa helder as glês. As it der útsjocht as in baarch, as it docht as in baarch en as it gnoarret as in baarch, dan is it nei alle gedachten in baarch, sei Patterson. Dy fergeliking fan minsken mei bisten komt fan âlds, sa fier as ik wit, yn alle kulturen foar. Yn de bibel (Mattheüs 8 : 32) wurdt ferteld dat duvels yn bargen krûpe, mei fan gefolgen dat de hiele keppel de mar yn draaft en fersûpt. Dat betsjut dat de evangeeljeskriuwer fan betinken wie dat bisten besiele wurde koene troch demoanen. Dat minsken metafoarysk oantsjut waarden as bargen komt yn de bibel neffens my net foar. Mar Johannes de Doper wiisde Jezus mei in fergeliking oan as it laam fan God (Johannes 1 : 29). Ien fan de meast bekende stikken út de Odyssee is it ferhaal oer it ferbliuw fan Odysseus en syn mannen op it eilân Aia. Dêr wenne in tsjoenster mei de namme Kirke. Sy hie de macht om har fijannen yn bisten te feroarjen en sa slagge it har en tsjoen de helte fan Odysseus syn bemanning om ta bargen. Dat nim ik alteast oan, want yn it Gryksk stiet der: Se hiene no in bargekop, se makken bargelûden, se hiene bargehier en it stal fan bargen, mar harren ferstân feroare net en bleau krekt sa't it wie. Patterson soe it yn grutte halen mei my iens wêze. Wy kinne dat ferhaal ôfdwaan mei de simpele fêststelling dat minsken yn Homerus syn tiid noch gjin weet hiene fan de beheiningen dy't de natoer ús opleit en it ferhaal beskôgen as wier bard. Sadwaande hat it barren gjin djippere betsjutting en is it ferwurden ta in aardich ferhaaltsje foar de lytse bern. Lykas in protte ferhalen út de wrâldliteratuer. Mar dat sil grif oarspronklik de bedoeling net west hawwe. Lykwols: hokker wierheid mooglik efter it ferhaal sit, lit him net maklik riede, om't wy oars tinke as de minsken yn Homerus syn tiid. It soe wêze kinne dat dat fragmint yn wêzen giet oer de macht dy't froulju oer manlju hawwe. Allinnich al troch har skientme kin frou in man folslein yn 'e besnijing krije. Dat hâldt yn dat it ynstinkt fan de man it wint fan syn ferstân. De man is himsels op slach net mear de baas en wurdt foar syn gefoel behearske troch demoanen. It ûnderskie tusken de- en hormoanen is psychologysk net folle grutter as taalkundich. Dat is hjoed-de-dei net oars as yn de tiid fan de âlde Griken It ferskil is dat ús westerske wrâld mear doel hat oer de spanning tusken tinken en fielen. Mar dat seit net dat der gjin kultueren mear binne, dy't in folle djipper ûntsach hawwe foar de ferbjusterjende krêft fan it ûnbewuste as ús en dêr harren maatskippij op ynrjochtsje. Westerlingen besykje dy oerkrêft yn de stringen te hâlden troch foar alles dat wy ynstinktyf dogge in rasjonele ferklearring te sykjen. Dat is de wichtichste funksje fan it ferstân. It âlde biedwurd: 'It ferstân foarop' is laarjekoek. It ferstân komt altyd efteroan. No soe it ferhaal fan Kirke en har bargen maklik liede kinne ta in stichtlik referaat oer boerka en nikaab, mar dat lit ik gewurde. It giet my no eefkes om de Beatles. Dat de lytse bargjes dêr't sy in heale ieu ferlyn sa humoristysk oer songen, it foarteam wêze soe fan de rotsakken dy't it ekonomyske wrâldsysteem op de râne fan de ôfgrûn brocht hawwe, en noch altyd bringe, wie yn 1968 net te foarsjen. Mar hiene de Beatles de Odyssee better lêzen, dan soene se sa myld net west hawwe. Want de grutte beursspekulanten litte har meast net liede troch it ferstân, mar troch harren bisteftige driuw nei nóch mear. En binne wy better? Soms bin ik bang dat de duvels fan it begear yn ús allegearre krûpt binne en dat wy, krekt as de bargen yn Mattheüs, blynseachs de djipte yn drave om skylk meiinoarren helpleas te fersûpen. Hylke Tromp

Werom nei de haadside