Ynformaasje jun Oeds fan Fierwei

Op moandei 18 septimber wie der op de boppeseal fan café bar de Welp te Reduzum in ynformaasjejûn oer it stik 'Oeds fan Fierwei' mei in protte minsken. Yn 2018 sil op ferskate lokaasjes yn Idaerd, Friens en Reduzum de Odyssee opfierd wurde. OEDS FAN FIERWEI: IN ODYSSEE FAN DIZZE TIID Peter Sijbenga hat ús meinommen yn it troch him skreaune ferhaal oer Oeds fan Fierwei. Oeds komt werom fan de striid om Troje, mar is dêr in stikje fan himsels kwytrekke. Troch wat Oeds mei hat makke, sjocht hy oars nei de wrâld. Hielendal fan dizze tiid fertelt Peter: "Minsken dy no weromkomme út oorlogsgebied, mar ek minsken mei in oare traumatyske ûnderfining sille harren wei op 'e nij fyne moatte." Peter Sijbenga, de skriuwer fan it stik, hat op in prachtige en muzikale wize it ferhaal ferteld oer Oeds fan Fierwei. Scenograaf Geartsje van der Zee hat oan de hân fan foto's in byld joun fan de foarmjouwing. Se hat ûs seker neadich by it foarm jaan fan klean, readkleurige brillen en mear saken. Janneke de Haan, rezjy, fertelde oer har bedoelings mei it stik en die in oprop foar spilers en figuranten. Rianne Hogeveen docht de produksje en hat útlein hoe se it oanpakke sil. Der sit ek folle musyk yn de foarstelling. Sytse Broersma en Peter Sijbenga ha hjir oer ferteld en in oprop dien foar sjongers en sjongeressen. De spiksplinternije webside www.theatergroepfier.nl is dizze jûn de loft yn gien en Jeltsje Brouwer en Sytse Fennema ha dit op in grut skerm sjen litten. FRIJWILLIGERS SOCHT! Tiidens de infojûn binne wy ek yn é kunde kommen mei de trije haadrolspilers. Oeds, Penelope (frou fan Oeds) en Telemachos (soan fan Oeds) wurde fertolkt troch Popke van der Zee, ús Marian de Jager en Sjoerd Blom. Njonken dizze trije haadrolspilers binne der soad minsken nedich. Redúster, Idearder, Frienzer en Eagumer: jong en âld. Fan sjongers oant ferkearsregelaars, fan naai(st)ers oant dekôrbouwers ensf. Do kinst dy yn earste ynstânsje sûnder ferplichtingen oanmelde fia it kontaktformulier (rjochtsboppe by contact). Jou dêrby wol efkes oan watst dwaan wolst. Dêrnei ûtfangsto mear ynformaasje. Eltsenien is wolkom! Foar de spilers is der in audysjedei op 5 novimber. Der is in frywilligersjûn op 30 oktober. De foarstellings binne, sa as it no stiet, op 27, 29 en 30 juny en 1, 6, 7, 8, 13, 14 en 15 july.

Werom nei de haadside