Fan FIER 8

Odysseus hat op syn wrâldreis nea yn Fryslân west, sizze de gelearden. Mar dat is net wier. De skiedkundigen hawwe har trochstrings basearre op Grykske en Latynske boarnen. Mar harren byld is ûnfolslein, om't se net by machte wiene en lês de âlde talen dy't yn ús kontreien sprutsen waarden. Yn it ferneamde Oera Linda-boek (1867), dêr't de skiednis fan de Friezen fan it alderearste begjin ôfoan yn optekene is, wurdt dúdlik beskreaun dat Odysseus hjir in skoft taholden hat. It giet om de neifolgjende passaazje, dy't ik foar de aardichheid earst werjou yn de âld-Fryske omstavering, sa't ik dy fûn haw yn de diplomatyske útjefte fan Goffe Jensma. Sa kinne jimme sjen dat it rynske âlde Frysk mei in bytsje geduld foar ús noch hyltyd knap nei te kommen is. Benammen as men it lûdop lêst. Dêrnei jou ik de oersetting. Nei't de skriuwer ferteld hat dat der trije frjemde skippen op it Amelân oankamen, giet it ferhaal sa fierder: VPPET STOROSTE DÊRA WÊRE.N KÊNING DÊRA JHONHIS Ê.LANDUM. SIN NOME WÊRE. ULYSUS ÄND DA HROP OVIR SIN WISDOM GRÅT. HIA KÊMON FON TROJA EN STEDE DAM DA KRÊKALANDER INNIMD HÊDON. NEIDAM DA FYANDA HJAM UPPA DA HAKKAN WÊRON SYKADON HIA EN SÊKUR STÊD OMBE BI SÛPE ÄND BI STVT TO KVMA. KNIBUWGJANDE TOFORA DA BURCHFÂM GÜLDON HIA. MÄM MÄM RÊD VS. HWAND DA FALSKE DJÛR.AKKEN SEND VS FÊR VRMÂNSK ÄND HIA WILLAD VS DÊ.DVA. UTMINDJA TILDJU MÅN EN GRÅTE DÅNK OVIR HJRA ADSKIP HAVA SKOLDE NILDA DA MODAR ULYSUS NAVT WÊIGARJA ÄND BVA EN SKULHUS EN FJARDEL WEST FON FRY-IENS VNDER IDAWERD. OMBE HIA IN DÄT HÊM HUL ÄND SKUL FÅNDON NOMADON HIA DÄT STÊD RÊD.VS.HÊM. It mei dúdlik wêze dat Odysseus yn it Oera Linda-boek mei syn Fryske namme oantsjut wurdt. Dat is de reden dat de Ingelsken deselde held letter Ulysses neamden. En no de oersetting fan dat ferbjusterjende fragmint: Op it grutste dêrfan wie in kening fan de Ionyske eilânnen. Syn namme wie Ulysses en de rop fan syn wyshyd grut. Se kamen fan Troje, in stêd dy't de Grikelanners ferovere hiene. Om't de fijannen har op de hielen sieten, sochten se in feilich plak om wer oan te sterkjen. Se foelen de Folksmem te foet en skriemden: Mem, mem, rêd ús, want de falske Turken binne mei folle mear as ús en se wolle ús fermoardzje. Mei it doel dat men in hege dunk hawwe soe fan har freonskip, woe de Folksmem Ulysses net wegerje om in skûlplak te bouwen een kertier ten westen fan Frij-Iens (Friens), ûnder Ida's-terp (Idaerd). Om't se op dat stee beskerming en ûnderdak fûnen, neamden se it plak Rêd-ús-hiem (Reduzum). Doe't wy trije jier ferlyn op it idee kamen om it ferhaal fan Odysseus út te byldzjen, wie net ien fan de kommisjeleden mei dat unike fragmint op 'e hichte. Alteast: dat nim ik oan, want der is mei gjin wurd oer praat. Mar eins is it suver net te leauwen dat nimmen fan ús wist wat de oarspronklike betsjutting fan ús plaknammen wie. Wie it in yngreep fan boppenôf dat wy nei wiidweidich berie op Odysseus kamen, of wie it sljochtweihinne tafal? It is slim te sizzen, mar it is wol hiel apart dat útrekkene ús fjouwer doarpen yn it Oera Linda-boek sa'n wichtich plak ynnimme. Ja, jimme lêze it goed: ús fjouwer doarpen, want it alderwichtichste haw ik noch net iens ferteld. Eefkes fierderop yn it Oera Linda-boek stiet nammentlik beskreaun dat Odysseus en syn mannen besletten in wachttoer te bouwen by de Warregeaster Mar om oer it wetter út te sjen nei de skippen fan de fijân. Dy toer neamden se EACH.HIM, dat is âld Frysk foar SJOCH HIM (bedoeld wurdt: de fijân), of oars sein: WÊS WACH. Is der takomme jier in better plak te finen om de histoaryske rykdom fan ús kulturele MIENSKIP te betinken as UNDER DE TOER dy't Odysseus hjir eartiids boud hat om de barbaren te kearen? Hylke Tromp

Werom nei de haadside