Ha jim it al heard? 1

Se wolle hjir yn 2018 in grut iepenlofspektakelbarren op tou sette. Odyssee soe it hite moatte. O dy see? Is dat net in gedicht fan Baukje Wytsma? Nee je: Odyssee! Dat is in wiidweidich gedicht fan Homerus. In âlde Gryk. It is it ferhaal oer de weromreis fan in man dy't nei tsien jier oarloch wer weromreizget nei syn húshâlding. Odysseus hiet er; dat sa. Hy hie by Troaie fochten. En wat hawwe wy hjir oan dy âlde rommel? Ho-ho: dêr moatst net te maklik oer tinke. Hawwe jimme yn Wergea net nei Brother where art thou west? Dêr kamen in protte aventoeren fan dy Odysseus yn foar. En James Joyce hat it hiele ferhaal op 'en nij ferteld yn syn roman Ulysses. Dat boek wurdt rekkene ta de wrâldliteratuer. En no sille wy hjir op ús bar de wrâld ferbjusterje? It moat net raarder. Wa sil dat dwaan? Peter Sijbenga. Hy hat is stik al klear, mar it is net bedoeld foar de hiele wrâld, hear. It is skreaun foar ús sels. Foar de Mienskip, sis mar. No, it sil my benije. Ieme H.

Werom nei de haadside