Ha jim it al heard? 2

Takomme jier krije wy hjir ek in fontein. Watte? En wa sil dat betelje? Hast it stikje fan Piter Renia net lêzen? It skip mei jild foar Oeds is oan! En no kinne wy ek in fontein oanlizze. Wy hawwe hjir sa al wetter genôch, hie ik tocht. No sa. Witte jimme noch dat de âlde haven wer iepengroeven wurde soe? Dat moast dan in útdaging wêze. Wat hat ien oan sokke kluchten? Stjonkerij en rottenêsten, dat krijst derfan. Moai dat wy dat noch keare koene. En no leit dêr in haven sûnder wetter. Mei trije weagen fan geil gers en reiden út de pampa. En soks moat dan haven hite? Lige is ek in útdaging skreau Baukje op 'e bank. Kinst sizze watst wolst, wy hawwe doe in protte wille hân mei de ploech fan Angela Groothuis. No ja, as it dêr om giet kin ik wol wat betters betinke. Wat moatte wy mei sa'n spuitding. Wetterfergriemerij, dat is it! It giet om de status fan de mienskip. Wa kin yn Fryslân it heechste spuitsje? Dêr giet it mar om. O, krekt as eartiids de tsjerketoer. Presys. Mar dat is no in nostalgysk bouwurk. De god fan de heechste toer is al lang net mear de baas yn 'e tsjerke. Dus moatte der rûnom yn Fryslân nije symboalen komme, hawwe se yn 'e kulturele haadstêd betocht. Tsjong. En wêr is sa'n fontein dan eins in symboal fan? Woltier en bluisterichheid, wat tochtst! Do seist it. Mar witte se ek al hoe't dat ding der ût komt te sjen en wêr't er komt te stean? Nee, dat is just de aardichheid. Dêr wurdt in wedstryd foar útskreaun. En dy't it moaiste ûntwerp makket, kriget dat ding skylk foar de doar. No, ik bin benijd. Ieme H.

Werom nei de haadside