Ha jim it al heard? 3

De minsken fan de Oedskommisje sykje doarpsbewenners dy't in jier lang in baarch yn it hok hawwe kinne. Watte? In baarch? No moat it net mâlder! Fine jimme ek net? Wêr is soks goed foar? Sa'n bist fret jin ommers de earen fan 'e kop. Dêrom, je! In knoarre baargen is foar sa'n kommisje allinne fansels fierstente folle. Dat sadwaande dogge se in berop op 'e mienskip. Wêr't sa'n mienskip al net goed foar is hjoed-de-dei. Mar wat sille se dan mei al dy bargen? Roasterje foar it Oedspublyk op in grutte iepenloft bargekjoe? Dat hyt barbekjû! Wit ik wol. In knoarre baargen bestiet ek net. Mar dêr hearst my net oer. Dat wie in grapke. Ja-ja. Lit ús mar ophâlde mei dy grapmakkerij. Daliks komt der noch bargebiten fan. En dêr hat net ien belang by. Mar wêrom hat sa'n kommisje eins ferlet fan al dy bargen? Ik wit net. It hat dermei te krijen dat Oeds op syn reis nei hûs itselde belibje moat as dy Odysseus dêr't ik jimme okkerdeis oer ferteld haw. Hoe wie dat dan? Underweis werom nei Ithaka bedarren Odysseus en syn freonen op it eilân Aeaea. E. E. A? Is dat in ôfkoarting? Nee, it is gewoan de namme. Aeaea. Do skriuwst it as: A - e - a - e - a. Spitich dat plaknammen by Wordfeud ferbean binne. En op dat eilân wenne in tsjoenster.Tsyrtsee. Der wurdt yn âlde boeken wolris sein dat dy namme de Grykske útspraak is fan Zierikzee. Hoe dan ek: dy Tsyrtsee feroare alle freonen fan Odysseus yn bargen. Ieme H.

Werom nei de haadside