Ha jim it al heard? 4

De ploech fan Oeds hat in probleem. En net sa'n bytsje ek. Wat dan, ju? De bus kin net ûnder it spoar troch. Moat dat dan? Fansels. It stik fan Oeds soe op fjouwer plakken spile wurde. Yn Friens, Idaard, Eagum en yn Reduzum. Dêrom hyt it Oeds fan FIER-wei. En no hawwe se útfûn dat de bus net ûnder it spoar troch kin. It tunneltsje is tweintich sentimeter te leech. Ja, dan helpt in bytsje lucht út de bannen ek net mear. En no moatte se dus earst hielendal oer Wytgaard en Wirdum en dan werom nei Idaerd. Wêrom net mar daliks by Dokkum om? Witsto wat betters? Fansels wol. Hin? Fertel! No, de Oeds-kommisje hat ommers in tribune oanskaft foar de fjouwer doarpen? Dy bouwe se dan op in djiplader sa heech dat er noch krekt troch de beide tunneltsjes kin. En sa kinne de minsken noflik sittend fan de iene lokaasje nei de oare ferriden wurde. By Edawerd rinne se dat lytse eintsje en dat is it dan. Kin it noch makliker? En wa sil dat betelje? De sakeklub fansels, want eltsenien dy't meibetellet, mei in reklameboerd oan 'e goeie kant fan 'e route sette. En as't dêr dan ek noch in aardich riedspultsje mei wat pryskes oan ferbynst, staverje de minsken eltse letter dy't der mar te lêzen is. Hawwe se ûnderweis ek noch wat ferdivedaasje. Tink om myn sizzen: sa komt it en net oars. No, ik bin benijd. Ieme H.

Werom nei de haadside