Ha jim it al heard? 5

Us Oeds is ien fan de bekroane manifestaasjes dy't meidogge yn it kultuerprojekt fan Under der Toer. Geweldich hin? Geweldich? Ik begryp der gjin sprút fan. Dat âlde ferhaal fan Homerus hat ommers yn de fierste fierten neat mei in toer fan dwaan. Dat moatst net te gau sizze. Doe't Odysseus hyltyd mar net weromkaam út Troaje, wiene der in protte jonkeardels dy't it graach mei syn jonge frou oanlizze woene. Se wie moai en ryk en mânlju wiene yn dy tiid net oars as hjoed-de-dei. Dat Penelope, sa hiet se, koe har dy flecht frijers mar amper fan it liif hâlde. Dêrom betocht se in ferlechje. Se sei: 'As ik de sjaal klear haw dy't ik foar Odysseus breidzje wol, sil ik der oer prakkesearje ien fan jimme as man te kiezen.' Do kinst dochs net ivich oan sa'n sjaal breidzje? Nee, dat is wier. Mar Penelope helle nachts eltse toer wer út dy't se oerdeis breide hie. Dat sadwaande. O, op sa'n toer .... Do seist it: op sa'n toer. Mar boppedat hat Odysseus in bjusterbaarlike wrâld-toer makke ear't er úteinliks wer by de frou thús kaam. Wêr hat er al net west? Net yn Eagum! Mar goed, dat binne dus al trije 'toeren' yn ien ferhaal. Bêst genôch, liket my. Mar it soe fansels hielendal moai wêze as Sijbenga der dochs nóch ien by betinke koe. Dan wie der foar elk fan de fjouwer doarpen yn ús lytse mienskip in eigen toer yn it stik. Nóch ien? Dat soe ik samar net witte, hear. Soks liket my in poepetoer. Mar sa'n fernimstich skriuwer as ús Peter sil dat grif wol slagje. No, ik bin benijd. Ieme H.

Werom nei de haadside