Oanmelde as frijwilliger

Moandei 18 septimber hawwe wy in suksesfolle frijwilligersjûn hân. Doe hawwe likernôch 60/70 Redúster, Idearder, Frienzer en Eagumer minsken oanjûn it aardich te finen om wat te dwaan foar Oeds fan Fierwei. Fan sjongers oant ferkearsregelaars, fan naai(st)ers oant dekôrbouwers ensfh. Mar om Oeds fan Fierwei ta in grut sukses te meitsjen hawwe wy noch mear frijwilligers nedich! NAAIE, BOUWE EN NIFELJE Wy hawwe noch minsken nedich dy't helpe wolle mei it naaien fan kostúms, it bouwen fan dekôrstikken en it nifeljen fan nedichheden (tink bygelyks oan brillen foar it publyk). Dêrnjonken sykje wy ek minsken dy op fasilitêr mêd stypje wolle. Tink bygelyks oan ferkearsregelaars, gasthearen en -froulju en sjauffeurs. MEAR YNFORMAASJE OF OANMELDE? Wolle jo hjir mear oer witte? Kom dan moandei 30 oktober nei Kafee De Welp te Reduzum. Op dizze jûn komt alle spesifike ynformaasje oan de oarder. Daliks oanmelde kin ek >> SJONGE JO GRAACH? MELD JO OAN! Oeds fan Fierwei wurdt in lokaasjespektakel mei live muzyk en sang. Dêrfoar sykje Peter Sijbenga en Sytse Broersma noch nei entûsjastelingen! Wolle jo mei sjonge? Jou jo dan op >> Dan nimme wy kontakt mei jo op! MEI SPILJE? By eintsje beslút sykje wy noch in tal spilers. De haadrollen (Oeds, Penelope en Telemachos) wurde spile troch Popke van der Zee, Marjan de Jager en Sjoerd Blom. Lykwols binne der genôch rollen oer. Dêr sykje wy noch in stikmannich entûsjaste spilers foar! 4 NOVIMBER WORKSHOPS OM TE SJEN HOKKER ROL FOAR ELTS GAADLIK IS Sneon 4 novimber organisearje wy in workshop/auditiedag yn Kafee de Welp yn Reduzum. Yn workshopvorm wolle wy graach mei in groep wurkje en sjen hokker rol foar elts gaadlik is. Audysje dwaan? Meld jo dan online oan >> SET DE FOLGJENDE DATA ALFÊST YN DE AGENDA! Woansdei 27 juny 2018, 19.30 - 23.00 Try-out Freed 29 juny 2018, 19.30 - 23.00 Premiêre Sneon 30 juny 2018, 19.30 - 23.00 Foarstelling Snein 1 july 2018, 14.30 - 18.00 Matinee Freed 6 july 2018, 19.30 - 23.00 Foarstelling Sneon 7 july 2018, 19.30 - 23.00 Foarstelling Snein 8 july 2018, 14.30 - 18.00 Matinee Ôfhinklik fan de kaartferkeap hawwe wy noch in trijetal suksesopsjes efter de hân: freed 13 july 19.30 - 23.00, sneon 14 july 19.30 - 23.00 en snein 15 july 14.30 - 18.00.

Werom nei de haadside