Fan FIER 9

Jimme soene raar opsjen, as ik fertelde dat ien kear yn de safolle wiken in grutte fûgel mei it boppeliif fan in jongfaam op it dak fan de Trije Doarpen Skoalle sa leidich stiet te sjongen dat alle Redústers dy't it hearre der op slach oeremus fan wurde. Dat se noch mar ien ding wolle: de rest fan har eintsje libben nei dat swiete sankje harkje. Unsin? Nee hear, it is gewoan de oarspronklike betsjutting fan it wurd Sirene. It lûd fan dy ûnbesteanbere skepsels soe seelju eartiids sa sa ferbjustere hawwe, dat se it roer fergeaten en blynseach op de klippen te pletter sloegen. De iennichste dy't de Sirenen sjongen heard hat en it oerlibbe, wie Odysseus. Doe't se mei harren skip by it eilân fan de gefaarlike fûgelfroulju kamen, hjitte er syn bemanning om bijewaaks yn de earen te tropjen sadat se neat hearre koene, en hy liet himsels fêstbine oan de mêst. De mannen mochten him net losmeitsje ear't de stimmen wer bûten gehoar wiene. Nijsgjirrich, hoe't de betsjutting fan sa'n wurd yn de rin fan de tiid feroarje kin. Nei alle gedachten hat de útfiner fan it aaklik âljende apparaat it lûd yn ferbân brocht mei de wittenskiplike ferklearring fan de sang fan de Sirenen. Dy útlis kenne wy fan de sage fan de Lorelei. Mannich skipper op de Ryn is ommers omkommen troch de sang fan de iensume wetternimf dy't Lore hiet. Neffens de gelearden song der lykwols gjin faam, mar gong it om it fluitsjen fan de wyn om de hege laairots yn in gefaarlike bocht fan de rivier. En sa koene it ynstrumint dat warskôget foar driigjend gefaar en de mytyske ferliedster dy't it gefaar teweech bringt, ûnder ien namme beflapt wurde. Wie it in grapke fan de útfiner, of miende er dat er sadwaande it ding better ferkeapje koe? Sa'n marketing-trúkje is net ûngewoan. Yn de hannel net en yn de polityk al likemin. Ien fan de earst bekende gefallen is de beneaming fan Grienlân. Doe't de Erik de Noarman net langer op Yslân wenje koe, om't er fûgelfrij ferklearre wie, socht er fier oer see in feiliger plak om him ta wenjen te setten. Dat waard in yslike oarde dêr't it foar wytsingen net te wêzen wie. Mar Erik skreau: ik wie der wis fan dat der in protte folk ree wêze soe en ferhúzje nei it lân dat sa'n oanloklike namme hie. Oer de dubieuze ferhâlding tusken taal en machthawwers is al in protte skreaun, mar lang net yn alle gefallen hat de feroaring fan de taal te krijen mei folksferlakkerij en yndoktrinaasje. Taal is deagewoan ek bleatsteld oan moade. Hjoed-de-dei noch mear as eartiids. Foar jonge minsken is dat meast fanselssprekkend, foar âlderen is it soms eefkes wennen. Okkerdeis wie ik yn in lúkse bakkerswinkel foar wat lekkers by de kofje. Ik waard holpen troch in byldmoaie jonge frou. Se pakte de taartsjes handich yn, lei it pûdsje netsjes foar my del op de fitrine mei swiete ferliedlikheden, der't se sels mar krekt boppe útkaam, en sei freonlik wat ik betelje moast. Ik krige de beurs út de bûse en seach dat der in protte lytsjild yn siet. In moaie kâns om de knip wat lichter te meitsjen. 'Sil ik it foar jo passe, juffer?' frege ik. 'Super,' jubele de toanbanknimf. Super? Ik fielde dat ik in kaam krige. Hie se net ferwachte dat in âldman as ik noch sa mei jild omgean koe? Fûn se it net te leauwen dat ien de muoite dwaan woe en tel alle lytse muntsjes ien foar ien foar har út? Of hie der faaks yn gjin tiden ien kontant betelle en hie se driuwend ferlet fan wikseljild? Ik betelle op de sint presys, knikte har hoflik ta en krige de boadskippen. 'Fijne dei fierder,' song se leaflik. Wylst ik de winkel noch gloeiend fan grutskens útstappe soe, knalde ik hast tsjin in heech bousel fan koekjeblikken op. It skeelde gjin hier of it hie in beskamsume ramp west. Achter my hearde ik de frou dy't nei my kaam, freegjen om in healtsje folkoaren en in rol Bolletjebakken. 'Super,' sei de winkeljuffer. Bûten wie it ferrekte kâld. Hylke Tromp

Werom nei de haadside