Frijwilligersjun en audysjes

Op 30 oktober wie yn café bar de Welp te Reduzum de frijwilligersjûn fan Oeds fan Fierwei. Der wie in moaie opkomst. Regisseuse Janneke de Haan hat it ferhaal fan Oeds fan Fierwei ferteld en útlein wer it allegearre plak fine sil. Produksjelieder Rianne Hogeveen fertelde dat der trije ploegen frijwilligers binne; in klean- en nifelploech, in bouploech en in fasilitêre ploech. Dêr koene de oanwêzigen harren foar opjaan. Fierders binne de belangryke datums bekendmakke en hat skenografe Geartsje van der Zee oan de hân fan satellytfoto’s útlein wêr't it publyk bylâns rint en wat foar dekôr dêrby komt. Oan 'e ein fan de jûn is de groep nei de haven rûn yn Reduzum, om dêr mei syn allen ôf te sluten en te hearren hoe't it slot fan de foarstelling hjir foarm krije moat. En sa gie eltsenien wer foldien nei hûs nei in entûsjaste en goeie frijwilligersjûn. AUDYSJEDEI Sneon 4 novimber wie de audysjedei yn Kafee de Welp Reduzum. Yn workshopform is sjoen hokker rol foar elts gaadlik is. De measte rollen binne ferdield, mar hjiroer letter mear.

Werom nei de haadside