Fan FIER 1

Samar op 'e dolle roes troch de binnelannen fan Kreta stuiten wy op in boardsje mei it opskrift: Acropolis of Ancient Gortyn. In giele pylk wiisde wêr't wy sjen moasten. De tiid hie de toeristyske oanwizing gjin goed dien en fan dy Acropolis sels wie neat mear oer as in rûge hichte mei wat stienbulten. Dochs riisde foar myn eagen daliks it byld op fan it ferneamde Parthenon yn Athene. Gjin niget: doe't wy in nije skoalle krigen en alles dat net mei ferhuze, ûnder de learlingen omparte waard, mocht ik as jonge gymnasiast de grutte swart-wytplaat mei de oerbliuwsels fan de nâle fan ús kultuer mei nei hûs nimme. It strange front fan dy klassike timpel mei syn acht Doryske pilaren sit noch skerp yn myn ûnthâld. De dichter Adwaita hat it beskreaun as een blank Snaarinstrument, dat door zijn zuilen, rank, De wereldlucht tot aan de horizon Maakte tot één akkoord van marm'ren klank. Prachtich fansels, mar fuortdaliks skeat my troch de holle dat dy saneamde acropolis fan Gortyn grif in stik minder bombidich west hie. It is altyd slim jin yn te byldzjen hoe't in bouwurk dêr't net mear as in pear brokkelige muorren fan oerbleaun binne, der yn werklikheid útsjoen hat. De stienrike Ingelske argeolooch Arthur Evans hat yn Knossos op Kreta it paleis fan kening Minos, dêr't noch hiel wat fan oerbleaun wie, nei syn eigen ideeën restaurearre. Nei alle gedachten mei de kleurrike skilderingen fan Alma Tadema noch farsk yn 'e holle. Foar it toeristefolk in net te missen atraksje, mar doe't wy in pear jier ferlyn yn Knossos wiene, binne we teloarsteld fuortrûn. Yn ús eagen wie it klearebare kitsch. Sadree't wy wer thús wiene, haw ik ynformaasje oer Gortyn opsocht. Ik lies dat yn dy ferlittene oarde eartiids sa'n trijehûndertûzen minsken wenne hawwe. Yn de earste ieuwen fan ús jiertelling wie hjir it wichtichste machtssintrum fan Kreta festige. It paadsje dat ús nei de foet fan de hichte brocht, wie faaks it lêste oerbliuwsel fan in hearwei dy't doedestiids alle dagen brûkt waard troch hûnderten fan minsken. Karavanen fan keaplju, kloften Romeinske soldaten, reizigers, loksikers, en alle dagen boeren mei karfollen iten foar it stedsfolk. Wy kinne ús der net in foarstelling fan meitsje. Wy sjogge it ferline net, mar de bylden dy't ús troch tal fan massafilms dy't yn de âldheid spylje, ynprinte binne. Dan soe men better de boeken lêze kinne dy't skreaun binne troch de minsken dy't sels libben yn dy tiid. Mar it is likegoed in yllúzje te mienen dat it byld dat dy ferhalen oproppe, oerienkomt mei de wrâld fan doe. It is mar wat wy der fan meitsje. En dat hinget op syn bar wer mei ôf fan de tiid dêr't wy yn libje. Dêrom hie Louis Paul Boon gelyk doe't er skreau: over al het geschrevene daalt het stof der tijden neer, en ik peins daarom dat het goed is als er om de 10 jaar een andere een kruis trekt over al die oude dingen, en de wereld-van-vandaag opnieuw uitspreekt met andere woorden. En dat is wat wy hjir yn Reduzum 2018 oan Fryslân en inoarren fertoane wolle: it wrâldbekende ferhaal oer de thúsreis fan de Grykske held Odysseus, sjoen troch de eagen fan hjoed. Ik sil der alle moannen in stikje oer skriuwe, Hylke Tromp

Werom nei de haadside