Oeds nei de notaris

Wat sa’n man al net belibbet! Yn dit gefal giet it oer de 'Stichting Theatergroep FIER'. Op 22 novimber is, nei lang tarieden, de stichtingsakte 'passearre', sa as dat sa moai hyt. It stichtingsbestjoer bestiet út: Piter Renia (foarsitter), Jeltsje Brouwer (skriuwster) en Jappy de Vries (ponghâlder). Alle trije út Reduzum. Dy trije foarmje it Deistich Bestjoer. Fierders sit er fan de trije doarpen in toanielmantsje/wyfke yn. Yn Reduzum is dat Leo Smit (ROTO), yn Idaerd Janny Veenstra (Vriendenkring) en yn Friens Sjoerd Hofstee (Tusken Swin en Mûzel). As ûnôfhinklik sânde lid is der Frederik van Dijk. Earst yn Idaerd, no ek yn Reduzum. Frederik sil de 'middels' fan de stichting beheare. Want de stichting hat as rom doel it befoarderjen fan it kulturele libben yn de fjouwer doarpen Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum (fan dêr de namme FIER), benammen de poadiumkeunsten. Dêrta sil der teminsten ien kear yn de trije jier in stik opfierd wurde troch spilers út de fjouwer doarpen. MIDDELS Tank sij Oeds fan Fierwei en tank sij It Mienskipsfonds fan Ljouwert hat de Stichting tribunes en ljocht- en lûdmateriaalyn yn it besit. Op dit stuit siket Sjoerd de Boer om in oanhingwein, dêr’t de tribune op kin. De tribune mei ûnderbrocht wurde yn Grou, by wat Van Vuuren wie. Dy materialen binne tsjin in ridlike fergoeding ek beskikber foar oare gegadigden. Minsken en/of klups fan bûten betelje dan wat mear. Frederik sil in reglemintsje meitsje. It kin hiel moai wurde! Mar earst takom simmer. It begjin fan dit alles: “Oeds fan Fierwei” foar en mei help fan de minsken yn de fjouwer doarpen. Wa kin dêr wat op tsjin ha!?

Werom nei de haadside