Fan FIER 10

Alle kearen as ik by de skoalle lâns fyts, tink ik eefkes oan Odysseus, dy't tsjin de sykloop sei dat er Nimmen wie. En dat komt dan wer fan in âld rymke. Wês josels, sei ik tsjin immen, mar hy koe net: hy wie nimmen. Op ien fan de reklamewimpels stiet de útdaagjende tekst: word wie je bent! It sil wol bedoeld wêze as in oprop oan de Redúster jeugd om nei de Trije Doarpen Skoalle te kommen. Eins is it in nuvere wize fan sizzen: wurd dy'tst bist. Sa'n biedwurd ropt by de bern ommers fuortdaliks it andert op: 'Dat hoecht net mear, juf: dat bin ik al!' En ik moat de juf noch tsjinkomme dy't dan seit: 'Nee, dat bist net'. Want se sjocht de folgjende set al oankommen: 'Hoe wit juf dat sa?' En dan is it praatsje út. En as der al in wat djipsinniger betsjutting oan dat rare sintsje jûn wurde moat, dan stiet it foar my as in peal boppe wetter dat de bern ornaris gâns mear harsels binne as de masters en de juffen. Wêr is ûnderwiis oars foar bedoeld as om de jeugd safier te krijen dat se letter in goed plakje fine kinne yn de maatskippij? Op in skoalle giet it dus net allinnich om edukaasje, mar ek om sosjalisaasje. Om oanpassen dus. En dat hâldt yn dat fan al dy lytse prinskes en prinseskes earder frege wurdt in bytsje minder harsels te wurden as mear. En boppedat: de fraach 'wa bin ik' is net samar te beänderjen. Dat wisten de âlde Griken al. Boppe de Apollotimpel yn Delfy, dêr't eartiids it ferneamde orakel út namme fan de goaden spruts, stie γνῶθι σεαυτόν (gnoothi seauton), dat is âld Gryksk foar: Wit wa'st bist. Dat wie neffens de Griken de kearn fan alle wyshyd, mar tagelyk de slimste opjefte foar in ferstannich minske. Doe't Odysseus sei dat er 'Nimmen' wie, wie dat perfoarst net bedoeld as in bewiis fan selskennis. It wie in leagen. Dat hie er betocht om te ûntkommen oan Polyfemus, in ûnbiedich meunster mei ien each, dat him en in stikmannich fan syn mannen yn in hoale by de skiep opsletten hie om har op te fretten. Doe't er ynseach dat syn krêft tsjin de sykloop tekoart skeat, moast de held syn taflecht nimme ta in list. Hy liet Polyfemus safolle wyn drinke dat er helpleas yn 'e soes rekke. Sadwaande koe er it wrede wanskepsel in puntige hikkepeal yn it iene each rame. Doe't it meunster âljend fan 'e pine opskrille, wie it te let. De oare moarns, doe't er de bisten nei bûten stjoerde om te weidzjen, koe er net mear sjen hoe't de mannen, dy't harsels ûnder de liven fan de skiep fêstbûn hiene, ien foar ien ûnder syn taastende hannen troch ûntkomme koene. De oare syklopen, dy't fuort op it jammerdearlike gebalt ôfkommen wiene en it slachtoffer fregen hoe't er sa ferwûne rekke wie, hiene gjin reden sjoen om him te helpen, om't er hyltyd raasde: 'Dat hat Nimmen dien. Nimmen hat my it each útstutsen!' Dy grap is ien fan de meast bekende fiten fan Odysseus. It ferhaal komt skylk grif yn in oare foarm werom yn Peter Sijbenga syn bewurking fan it klassike epos. Yn syn ynlieding hat Peter ferteld dat de Odyssee lêzen wurde kin as it ferslach fan in syktocht nei jins djipste wêzen. Dat is seker wier, mar ik freegje my ôf oft de âlde Griken dat ek al sa seagen. As Odysseus nei tweinich jier oarlochfieren en omswalkjen wer thúskomt by syn frou en soan, is er ommers gjin sprút feroare. No ja, hy is wat âlder, mar út neat docht bliken dat er wizer wurden is, of dat er in oar aard krigen hat. Foar him betsjutte de rie fan it orakel fan Delfy dat er ynsjen moast hoe beheind syn krêften wiene. Sûnder help fan de goaden koe er him net rêde en dus moast er him hâlde oan de himelske wetten. Mar sels dat wie net genôch. Net alle goaden wiene op syn hân en sa kaam Odysseus gauris yn konflikt mei fijannen dy't folle sterker wiene as him. Syn selskennis wie syn behâld. As Odysseus wist dat er de striid net oankoe, naam er syn taflecht ta in list. Hy hie ek de betinker west fan it ferneamde houten hynder dat nei tsien jier in ein makke oan de striid om Troaje. Gjin niget dat Homeros him iderkear de slûchslimme Odysseus neamt. Moat de tekst op de skoallewimpel feroare wurde yn: Leer wie je bent? Nee, dat is gjin ferbettering. De moderne wittenskip leart langer dat it foar nimmen mooglik is himsels te kennen. Mar op de Apollotimpel yn Delfy stie yn Homeros syn tiid noch in oare rie: μηδέν άγαν (miden agan). Dat betsjut sawat itselde as: Neat te folle. Faaks is dat in idee. Yn alle gefallen hie dat foar Polyfemus gjin ferkearde les west. Hylke Tromp

Werom nei de haadside