Fan FIER 11

Dy winter wie it glûpende kâld op Itaka. It wie werklik mear as bar. Tajûn: de flakte fan Pilikata hie yn gjin jierren sa yn- en ynwyt west. Mar de skerpe eastewyn hie de teistere oliifbeammen al hast wer swart blaasd en nachts spûkgûle de honger yn de bosk. Klomjend hellen de minsken farske dinnetûken yn 'e hûs om dy mei kaarde skieppewol en reade linten te fersieren, en de hanneler yn oaljelampkes die poerbêste saken. It wie de tiid fan it winterfeest. Mar yn it paleis fan Penelope wie fan de kommende heechtiidsdagen net folle te merken. Oan de muorren hongen noch hyltyd de pearse roukleden en har houlikskado, it leaflike wytmoarmeren byldsje fan Eros, hie no al hast twa desennia it deiljocht net sjoen. Se hie it tadutsen mei it swarte lekken dêr't se de nachts foar it ôfskie beiden ûnder sliept hiene. Telemachos hie oer it feest begjinne sild, mar syn mem hie him batsk ôfstegere: 'Gjin sprake fan, wy beklage hjir it ferstjerren fan skoanheit'. 'Hâld dochs op, mem,' hie er roppen, 'Laërtes is al withoelang wei. Mem hat fertriet om heit. Mar dy komt net wer werom en dat wit mem likegoed as ik.' Penelope hie stûf swijd. Krekt as oars as it oer Odysseus gong. Koppich wie Telemachos de lytse wenromte útrûn om mei Euryklea te praten. Euryklea wie ien fan de âldste ynwenners fan it paleis. Al ear't Odysseus berne wie, hie se yn tsjinst west. Foar Telemachos wie se as in beppe. As er wat beprate moast, die er dat leafst mei har. Yn de gleonhite kokenkelder wie it in drokte fan komsa. Want al waard it winterfeest net fierd, der moast genôch iten wêze foar de minsken dy't de jûns foar it feest oankloppen om mei ûntbleate holle harren respekt te betoanen. Oan it grutte spit op it binnenplak draaide al oeren stadich in fetmeste interbolle en boppe it hurdfjoer yn de koken hong de grutte tsjettel mei woartelsop te sieren. Die hiele romte rûkte fan krûden, skiepfleis en farske bôle. Euryklea hold tafersjoch. No't se sa âld wie, hoegde se langer net it swiere wurk te dwaan. Telemachos rûn op har ta, kwiiskwâns as wie der neat te rêden. Se liet har net misliede. 'Sis it mar, myn jonge, skeelt der wat?' 'Euryklea, wy hawwe no tweintich winters op heit wachte en noch wol mem mar net leauwe dat er net weromkomt. En ûnderwilens frette de frijers ús hjir de earen fan 'e kop. Wêrom nimt se net ien fan dy omstippers foar kar? Dan kinne wy al dy oaren mei reden de doar útskoppe.' De âlde frou swijde. 'Wêrom sizze jo neat? Jo witte dochs ek wol dat ik gelyk haw?' Doe seach se him oan. 'Foar jim mem is it libben draachliker mei de hope op better as mei de wissichheid fan it ferlies,' sei se. Op it winterfeest siet Penelope mei har soan en alle manlju dy't it op har, of op har rykdom, fersjoen hiene, oan tafel yn de grutte ytseal. Se ieten fan wat de foarige jûns oerbleaun wie. Dat wie minder as oare jierren, mar likegoed mear as genôch. Underwilens waard der fiks ynskonken en de bolbjirken mannen lieten har neat gelegen lizze oan de wiete eagen fan Penelope. Op in stuit kaam de wachter der yn. Hy sei dat der in bidler foar de poarte stie. 'Te let!' hune Antinoös, dy't bytiden miende dat er it al foar it sizzen hie. Penelope wiisde him syn plak. 'Oft er al of net te let is, freon, dat bepaal ik noch altyd. Wachter, lit him deryn: wy wize op dizze dei gjin frjemden de doar. ' De ûnbekende swalker seach der net bêst út. Under syn fersliten chiton wie er spierneaken. Hy wie sa meager as talhout. Syn rûch burd hong him fier oer it boarst. Syn eagen wiene net te sjen, want hy hie in los stik fan syn mantel oer de holle lutsen. It wie dúdlik dat er him yn dit selskip skamme foar syn earmoedige ferskining. Hy trille as in blêd oan 'e beam. Penelope wiisde him in kruk dy't ticht by it fjoer stie en hiet him freonlik om sitten te gean. De frijers stompten inoarren gnizend yn 'e side en dy't it tichtst by de skeamele gast sieten, knypten mei in fiis gesicht de noas ticht. 'En fertel ús ris, nommele hear,' raasde Antinoös oer de tafel hinne, 'wer komme jo wei en fan wa binne jo ien? En wat brocht jo op Itaka?' De man siet dêr't er siet, de holle beskamme foardel. 'Jo fine it net de muoite wurdich en beänderje myn hoflike fraach? O, ik begryp it al: jo wolle graach wat ite. Wachtsje mar: ik sil jo betsjinje, hear'. Doe krige er in heal ôffretten skieppeskinkel, dy't foar de hûnen bedoeld wie, en smiet dy sa fûl as er koe de swijende earmoedlijer nei de holle. Mar hy wie it stjoer kwyt en de bluodderige bonke klapte mei geweld tsjin it pearse roukleed. Dêr groeide stadichoan, as teken fan in ûntheisterjende flok, in donker plak. Telemachos stode oerein. Breinroer griep er Antinoös mei beide hannen by de skouders. 'Do rotsak', biet er him ta, 'as't dy stakker net mist hiest, hie ik dy dea dien'. Doe naam Penelope it wurd. 'Hear, wês net bang. Jo binne wolkom yn myn hûs, want jo binne frjemd en wy witte net wat jo trochstien hawwe ear't jo hjir bedarre binne. Sis ús: wa binne jo.' Doe kaam de frjemdling oerein. Hy rûn streekrjocht nei it byldsje fan Eros, helle it swarte lekken der ôf en krige it fan de sokkel as hie it amper gewicht. Hy gong nei Penelope ta en sette it dierbere oantinken respektfol foar har del. Doe gong er op ien knibbel sitten en luts er de lape fan 'e holle. Yn it fjoer dat djip yn syn eagen baarnde, seach Penelope dat se net fergees sa lang wachte hie. Hylke Tromp

Werom nei de haadside