2018, it is safier!

Rûnom yn Fryslân is der nei ta wurke. Ek yn ús fjouwer doarpen. En no is it dan einliks 2018 wurden en sil it heve. SPILERS, SJONGERS EN WURKGROEP OP 'E KYK Op 6 jannewaris wie yn Idaerd de earste aksje: fotoshoot. Of yn geef Frysk: allegear op ‘e kyk. Prachtich plak, dêr by it tsjerkje. “Lok en seine yn it nije jier”: Hylke Tromp syn sizzen, doe ’t er om ‘e hoeke kaam. Lit it ús hoopje. En “Fol ferwachting slacht ús hert” soe ‘k der efteroan sizze wolle, want spannend is ‘t. IEPENING LF 2018 EN KICK-OFF BY JEROEN EN LUTSKE By de iepening van LF2018 op sneon 27 jannewaris sille we ús presintearje yn Ljouwert, by de Grutte Tsjerke. We falle op ’t lêst ûnder “ûnder de toer” no! Op moandei 5 maart is de “kick off” yn ‘e kroech by Jeroen en Lutske. Earste de lêzing fan it skript en om 21.00 oere in slokje foar elk dy ’t spilet, sjongt, frijwilliger is, of gewoan nocht hat om te kommen. KAARTEN BINNE TE KEAP Trije wykeinen efterelkoar spielet Oeds fan Fierwei yn Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum: woansdei 27 juny is de try-out en freed 29 juny de premjêre, dernei binne der noch foarstellings op 30 juny, 1 july, 6 july, 7 july, 8 july en 13 july. Mear witte? Sjoch dan op: www.theatergroepfier.nl, ek foar kaarten! Mar earst ha we noch de útfierings fan ROTO, De VRIENDENKRING en TUSKEN SWIN EN MÛZEL. Oftewol de toanielklups fan Reduzum, Idaerd en Friens.

Werom nei de haadside