Fan FIER 12

As Oeds út de oarloch weromkomt yn syn doarp, sit de feestkommisje mei de hannen yn it hier. Se hawwe mar amper omtinken foar him, want de nije fontein ferpoft it. Hy wol net spuitsje. Frjemd. Krekt as hat sa'n ding in eigen wil. De doar wol net ticht? De waskmasine wol net spiele en de tillevyzje wol net oan? Gjin sprake fan! Apparaten hawwe neat te wollen: se moatte it dwaan. Gjin deade dingen baas. Yn it grutte Woordenboek der Friese taal stiet dat 'wolle' de betsjutting hawwe kin fan kunnen, mogelijk zijn, vermogen. Ik betwifelje oft dat hjir de krekte omskriuwing is en ferdúdlikjende foarbylden binne útrekkene yn dit iene gefal net neamd. Mar goed, dêr moatte fierder de gelearden mar oer gear. It giet my derom dat 'wolle' der yn de rin fan de tiid in betsjutting by krigen hat. It is in foarbyld fan taalferoaring. Ek al sa'n brike term, want de taal is net feroare, de sprekkers tinke oars. It komt net mear by ús op dat deade dingen eat wolle kinne en dus is 'wolle' yn dy sin gjin wollen mear. Fansels binne der ek grinsgefallen. Wat bedoelt ien as er seit: 'Dy jonge wol net doge'? Wol dy jonge him dan net hâlde oan de regels fan it fatsoen, of kin er it net? My tinkt dat wy yn ús tiid kieze soene foar de lêste opsje. Mar dat is wol hiel útsûnderlik. Ik kin net ien oare kombinaasje fan 'wolle' mei in tiidwurd betinke, dêr't 'wolle' deselde betsjutting yn hat. Foarbyld: dy jonge wol net leare, Baukje wol hjoed net fytse, Sytse wol net spylje. Yn al dy gefallen kinne se it wol! Leave lêzer, nim my net kwea-ôf dat ik al wer sok dreech praat haw: it wie myn fak en ik kin it noch hyltyd net litte. En dan giet it my minder om de taal as om de sprekkers. De taal kin ús fertelle hoe't de minsken yn de rin fan de tiid feroare binne. Dêr soe ik graach wat mear oer fertelle wollle, mar lit ús weromgean nei Oeds. Yn tsjinstelling mei wat men ferwachtsje soe, binne soldaten dy't fan it front weromkomme, meast net bliid dat alles efter de rêch is. Want dat is it net. Se kinne de bylden fan de ferskrikkings dy't se meimakke hawwe net ferwurkje. De oarloch wol har net út de holle. In protte feteranen flechtsje foar harren pynlike oantinkens yn in ferslaving. Oan drank, of drugs, of noch wat oars. En sjoch dêr mar wer ris ôf te kommen. Dat wol hast net. Dat bringt ús yn it ramt fan dizze rige stikjes op de fraach hoe't Homeros der foech trije tûzen jier ferlyn oer tocht. Oarlochslijen by 't soad. Mar yn de Odyssee wurdt neat ferteld oer in post-traumatysk stress-syndroom of eat wat der op liket. Hoewol't Odysseus en syn freonen de alderôfgryslikste rampen trochstean moatte, liket it as binne se dy al glêd fergetten op itselde stuit dat se rêden binne. Dy Grykske helden hiene gjin sprút lêst fan post-traumatyske stress. En dochs is der ien lytse passaazje dy't yn dit stik fan saken neamd wurde moat. As Odysseus en syn mannen troch in swiere stoarmwyn út de koers slein binne en njoggen dagen op see omswalke hawwe, komme se lang om let oan yn it lân dan de Lotofagen. Dat binne lotus-iters. Hippy's út de klassike tiid, sis mar. Nei't se wat bekommen binne, stjoert Odysseus trije man op ûndersyk út. Sa komme se by de bewenners. Dy jouwe de trije gasten ek blommen om op te iten. Dy smeitsje sa goed, dat se net wer werom wolle nei it skip. It hat der alle skyn fan dat de frjemde blommen in berûzjende wurking hawwe en de mannen op slach ferjitnis biede. Se hawwe de rêst fûn dy't se sochten. Mar as se te lang fuortbliuwe, hellet Odysseus de trije ferkenners mei geweld werom. Oan board bynt er se sûnder pardon ûnder de roeibanken fêst. It is gjin kwestje fan wollen of net wollen, mar fan moatten. En dêrmei is it praatsje út. En Oeds? Wol dy jonge wol doge, as er weromkommen is? Tja, dat moatte jimme skylk sels mar sjen. Dy syn lot wol ik yn it foaren net ferklappe. Mar safolle is wol dúdlik: yn ús tiid is 'moatten' gjin remeedzje mear tsjin geastlik ûnfermogen. Sa set foarútgong soms in stap tebek. Hylke Tromp

Werom nei de haadside