Start LF2018

Hjoed is it iepeningswykein fan LF2018 mei it Sjongfestival fan start gien. Fannemiddei songen safolle mooglik Fryske skoallen op harren eigen skoalle ‘Seis oere thús’, de tune fan Kulturele Haadstêd. Ek de bern fan de Trije Doarpen Skoalle ha mei dien. Moarn, sneon 27 jannewaris, jout Oeds fan Fierwei mei Peter Sijbenga en Popke van der Zee in muzikaal foarpriuwke by de Grutte Tsjerke yn Ljouwert. Ûnder oare de Redústers Piter Renia en Jappy de Vries hâlde as deade Trojanen Peter en Popke selskip.

Werom nei de haadside