Sneonejn 27 jannewaris, jn fan wiete jassen.

"De jûn fan de wiete jassen. Ik ha wol 10.000 sjoen." "We moasten yn ‘e Grutte Tsjerke wêze. Efteryn dy tsjerke sit in lyts houten doarke. Dêrefter is in soarte fan berchromte, neist en wierskynlik boppe de famylje fan Marijke Muoi, dy ’t dêr leit (mei twa skedels, skynt). We soene in priuwke jaan fan Oeds fan Fierwei." "Jappy en ik, Peter, Rianne, Mim, Geartsje, Popke en Nelis. Sjoerd kaam letter ek noch. Ferklaaid as soldaten. Krigers is hjir in better wurd. Mei reade bebluodde koppen. Yn âlde militêre jassen en broeken. Peter foarop mei de gitaar. Sjonge. Prachtich. En Popke as (oertsjûgjende) Oeds sa út en troch by ‘t húshâldtrepke op dat Rianne dan gau klearsette. Letter die Sjoerd dat. Rianne parte ek folders om. We tochten dat der op dat ein fan de stêd net folle folk wêze soe. Mar dat foel bot ta. Twa kear ha we it paad rûn fan de Grutte Tsjerke nei it Plein fan ús Heit. It wie prachtich. It wie moai. De minsken wurdearren it tige. It wie wiet en it wie kâld en it wie machtich om te dwaan. Piter Renia (rjochtsefter)

Werom nei de haadside