OEDS, hoe sit dat no?!

Koarts Oeral koarts. Gryp. Olympyske spelen en no ek OEDS. Want de KH2018 is los. Ûtferkochte sealen, terreinen, loadsen, tsjerken. Ekstra dagen… “En ik ha my oanmeld foar OEDS en ik hear mar neat. Hoe komt it?” De reis fan OEDS yn ús fjouwer doarpen ein juny/ begjin july. We gean mei de bus. Ynstappe by de kroech en dan sa nei Idaerd. Dêr wurdt de sykloop ferslein en der wurdt feestfierd. OEDS is ommers wer thús. Dêr ek krije we tee of kofje. En dan mei de bus nei it ein fan de Ienswei. Rinne troch it lân nei Friens. Ûnderweis troch de ûnderwrâld. Bylâns Kirkje de swinehoedster. Nei it tsjerkje fan Friens. Oeral wurdt songen. Prachtige lieten. De feestkommisje hat betocht dat der ek in Fontein komme moat. Oeds is wylst it paad folslein bjuster Nelly syn frou en Tiemen de soan wachtsje om neat. Wy gean mei de bus nei Reduzum en dêr by de haven is it einspul. Sa’n trije en in heal oere en in neisit by Sjoerd en Nynke. Jeroen docht de katering. Sa is it sa ûngefear. Moandei 5 maart kick-off Op moandei 5 maart is de kick-off (de ôftraap). Op ‘e boppeseal fan Jeroen en Lutske. Dêr is tusken 7 en 9 jûns de earste lêzing. Spilers en sjongers wurde dêr dan ferwachte. Se ha dan ek de spylteksten al krigen. NEI NJOGGEN OERE IS ELK WOLKOM FOAR IN SLOKJE EN IN HAPKE! Neast de sjongers en spilers binne der noch mear minsken yn ’t spier. En ek dy freegje har ôf: “ Wêr moat ik wêze.” Jim krije allegear berjocht. Om foar te kommen dat we nimmen ferjitte komt hjir de list mei frijwilligers. Stean je der net by en ha je je wol meldt? Lit it ús witte!!!” Ek ûs wurk is minskewurk. NIFEL- EN NAAIWURK: Aly van Essen, Marga Hafma, Tineke Meinsma, Wietske Jorna, Geesje Oosterloo, Els Brandsma, Tryntsje de Vries, Sjoukje van Dijk, Riekje Korf, Marie Buwalda en Griet Hofstra FACILITAIR: Ingrid de Jong, Rieneke de Vries, Jet Andringa, Jantsje Kalsbeek, Titia Tilma, Gerrit Hafma, Tsjikke Boonstra, Boukje Piersma, Geertsje Tigchelaar, Hettie Smit, Tryntsje Hemstra, Dirk Vermeulen en Marie Buwalda FERKEAR: Germ van Essen en Dirk Vermeulen WEBSITE: Sietse Fennema BOUPLOECH: Jan de Haan, Tjitte de Haan, Durk van Gorkum, Frank Koopmans en Hylke Riemersma KIN NOCH WAT BY! As je je melde wolle of wat freegje wolle sjit ien fan de lju hjirûnder oan. Otto van der Meulen, Sjoerd Hofstee, Janny Veenstra, Sytse Broersma, Hylke Tromp, Baukje Wytsma, Atsje Wester, Jeroen van Dijk, Peter Sijbenga, Leo Smit, Jappy de Vries, Jeltsje Brouwer, Frederik van Dijk, Piter Renia, Janneke de Haan, Rianne Hogeveen, Geartsje van der Zee, Marieke Swart, Mim Hardege en Nelis Huizenga Maile kin ek: info@theatergroepfier.nl

Werom nei de haadside