Kom en sjong

Moandei 5 maart hiene wy de ôftraap, of de “KICK OFF” sa as dat hjoedtedei hyt. Boppe by Jeroen en Lutske siet de seal fol. Lêze en sjonge. Tsjonge, jonge. We gongen op papier op reis mei Oeds. Moai. Prachtich. We ha in 35-tal sjongers, 20 spilers en op dit stuit in 40-tal frijwilligers. Der binne dus al mear as 100 minsken belutsen by dit bjusterbaarlike barren. Want der is ek altyd noch in kommisje fan in man/frou as 10. Kom en sjong Binne de’r noch mear minsken dy ’t meidwaan wolle soene? (moai dat Frysk, hin) Dat kin, kom en sjong! Kom no freed nei de sjongrippetysjes en doch mei. It is fleurich, it is gesellich it is fijn, it is mei elkoar. De sjongers binne tagelyk ek spilers: de bewenners fan Fierwei, Oeds syn doarp. Kom op, net stinne, mar hinne! Freedtejûn healwei achten bij Jeroen en Lutske! Kaartferkeap Enne….. wat ek noch sein wurde moat, as jo dit lêze binne der AL AARDICH MEAR AS TWAHÛNDERT KAARTEN FERKOCHT. Wêz derby…gewoan op dizze site by kaartferkeap. En as jo absoluut net oerwei kinne mei in kompjûter (of hy docht it krekt efkes net) dan stiet der yn de Linepraat fan maart in bestelformulier. Is rinne beswierlik? Foar minsken dy’t minder goed op ‘e gong binne: foar 7 en 8 july wurdt d’r ferfoer foar jimme regele. We wolle graach witte om hoefolle minsken it giet. Dus is rinne beswierlik, mar wolle jo dochs Oeds fan Fierwei belibje? Meld jo dan foar 15 april fia info@theatergroepfier.nl of smyt in bryfke troch de bus by Jeltsje Brouwer it Houtstek 7, mei derop jo namme en adres, tillefoannûmer en as it kin emailadres.

Werom nei de haadside