Fan FIER 14

Peaske 2018 De Ljouwerters sille der okkerdeis frjemd fan opsjoen hawwe, doe't Oeds mei in ploechje sneuvele militêren omspaande by de Grutte Tsjerke. It wie Peter Sijbenga syn representaasje fan de reis fan Odysseus nei de ûnderwrâld. De mannen mei de bluodderige koppen moasten deade Trojanen foarstelle. Slachtoffers fan de tsienjierrige oarloch om de legindaryske stêd oan de Dardanellen. It is nijsgjirrich om de kulturele fizy op it libben te hifkjen oan de ideeën oer de dea dy't dêr mei gearhingje. Sa wurdt de moslimwrâld gauris foarsteld as in utering fan efterlike barbarij, om't selsmoardterroristen miene dat harren martlerskip beleanne wurdt mei streekrjochte tagong ta it paradys, dêr't se ûnder hannen fan 72 fammen stik foar stik ivich oan harren geriif komme. Wa't dy flauwekul optocht hat, doar ik net te sizzen. Mar it slacht nearne op. De Koran leart oarspronklik dat yn it paradys allinnich mar plak is foar ferstoarnen dy't net út eigenbelang libbe hawwe. En dy 72 begearlike fammen binne yn wêzen net oars as de ingels yn de himel fan de kristenheid. Fan seks is nei de dea gjin sprake mear. Foar de kristenen net en foar de moslims likemin. Want hoesa dat? Yn humanistyske sin stiicht de moslimkultuer fier boppe it postmoderne ego-tinken út. Us ridikule getwiit hinget oer de wrâld as de benearjende wijreek fan it mislikmeitsjende earbetoan oan ús heechstpersoanlik ikje. Tink der om: ik pleitsje hjir net foar de rotsakken dy't martelje en moardzje út namme fan Allah. Sokken meitsje misbrûk fan in libbensleare dy't leafde en nederigens preket. Krekt sa't de kristenen dat ûnder it biedwurd 'Om't God it wol', troch de ieuwen hinne ek radikaal en ûnmeilydsum dien hawwe. De skiednis fan it kristendom is read fan it bloed fan oarstinkenden. Yn dizze tiid fan it jier fiere de kristenen it feest fan Peaske. Hja leauwe dat dea ferslein is en dat alle minsken oan 'e ein fan de tiden sûnder lekken en brekken werom komme út de grûn dêr't se yn beïerdige binne. It tydlik libben is mar bysaak. No sa. En hoe lei dat derhinne yn de tiid fan Homeros? De Griken reizgen nei harren ferstjerren nei de ûnderwrâld. Dyjingen dy't goed libbe hiene, mochten nei de saneamde Elyzeese fjilden. In paradyslik plak, likernôch sa't dat ek yn de Koran beskreaun wurdt. Twifelgefallen moasten foar ivich omdoarmje yn de skimerige fjilden fan Asfodel. Se hiene gjin eangst mear, mar ek gjin hope. Mar de feroardielden, bygelyks sokken dy't oerhearrrich wiene oan de goaden, of dy't famylje, freonen of frjemdlingen fermoarde hiene, bedarren yn de Tartaros. In grouwélige oarde, dêr't se in ivichduorjende straf ûndergean moasten of bleatsteld waarden oan de spikergisels fan trije ûnmeilydsume froulju. It ferhaal fan Homeros lit sjen dat de minsken neffens de Griken libbenslang oerlevere binne oan de gritsen en gratsen fan de goaden. Want de himelbewenners binne krekt sa hinne en wer as de gewoane stjerlingen. Wat de iene folslein needsaaklik achtet, wurdt troch de oare strang ferbean. Fangefolgen kinne de minsken it nea goed dwaan. Dat liket primityf, mar it is noch mar de fraach oft dat wier sa ûnnoazel is. Want dy filosofy bringt my in anekdoate oer Sigmund Freud yn it sin. Nei in lêzing dêr't er yn útlein hie, wat der allegearre misgean kin by it grutbringen fan jins bern, frege in mem yn wanhoop: 'Dokter, no hawwe jo ús de hiele jûn ferteld wat wy as âlden ferkeard dwaan kinne. Wolle jo ús dan no fertelle, hoe't it al moat?' Freud syn reaksje wie ûnferjitlik. Hy sei: 'Mefrou, jo kinne dwaan of litte wat jo wolle, mar jo dogge it nea goed!' It tinken fan de âlde Griken wie op itselde idee basearre: minsken komme ier of let foar in ûnmooglike kar te stean. Se moatte kieze tusken hearrigens oan de goaden of opkomme foar it eigen belang. Yn hjoeddeiske wurden betsjut dat, dat men kieze moat foar it ideaal of foar de praktyk. It meitsjen fan dy kar kin katastrofaal útpakke. Dat Odysseus nei tsjien jier omswalkjen wer thúskomt, hat er te tankjen oan syn slûchslimme wize fan dwaan. Hy makket gjin kar. Oan de iene kant lit er him stjoere troch de goaden, mar oan de oare kant lit er syn ein net slûpe. Dêrom freget er Kirke, (lês myn ferhaal oer de bargeheks) as se him nei in jier wer gean lit, hoe't it no fierder moat. Se stjoert him nei de ûnderwrâld om oan de bline sjenner Teresias te freegjen hoe't er wer thúskomme kin. Dat liket by Dokkum om, mar sa leit it der no ien kear hinne. De goaden binne baas, mar hja litte har troch hearrigens troaie. Homeros fertelt dat it ryk fan de dea op de uterste râne fan de ierde te finen is. As Odysseus dêr oankomt, dolt er in put dêr't er it bloed fan twa swarte skiep yn rinne lit. As de skimen drinke fan dat bloed, kinne se mei him prate. It ferhaal is ien fan de meast ynkringende stikken út de Odyssee. om't it sjen lit hoe't der yn dy tiid tocht waard oer it bestean nei de dea. It makket dúdlik dat de âlde Griken noch gjin each hiene foar mienskiplikens. De ferstoarnen hawwe gjin kontakt mei inoarren. Alteast, dêr wurdt mei gjin wurd oer ferteld. Mar it binne wol allegearre Griken. Foar oaren is der yn de ûnderwrâld gjin plak. Dat dy deade Trojanen hat Peter der sels by betocht. En, earlik sein, net sûnder súkses. Hylke Tromp

Werom nei de haadside