It komt hyltyd tichterby

Der wurdt al op lokaasje rippetearre. Snein 29 april sil we de hiele reis bylâns. Fan moarns 10 oant middeis 6 oere. De bouploech hat al in “bealch fol wurk” fersetten. Goadestuollen, rabberstreppen, aaismytplakken. Alles falt te plak. It koar kwinkelearret dat it in leave lust is. De “naaisters ensa” ha byelkoar sitten. It begjint der op te lykjen. Elk komt sa stadich oan yn de “mood” Of yn de “flow” sa as dat hjoedtedei leau ‘k hyt. OP DIT STUIT BINNE DER AL 300 KAARTEN OAN DE MAN AS FROU BROCHT. FRIJWILLIGERS Alle minsken, dy’t meihelpe, kinne 25 juny nei de generale. Se moatte harren efkes melde by ûndersteand adres. Dan kinne we foar it nedige ferfier soargje. Want dat is fansels in ekstra opjefte. By in reis heart ferfier. Net inkeld fan it publyk, mar ek fan spilers, sjongers en frijwilligers. Jou jim op. MINSKEN, DY ‘T NET SA MAKLIK MEAR RINNE Ek dy moatte har efkes melde. Om deselde reden. Op 7 en 8 july ha we foar har spesjaal omtinken. Soene it der in protte wêze, dan komme der ek noch mear dagen by. Ek melde op it adres hjirûnder. Jeltsje Brouwer Houtstek 7 Reduzum of fia de mail: info @theatergroepfier.nl

Werom nei de haadside