Fan FIER 15

Sjogge jimme ek sa graach nei Mind F*ck? Ik bin der sljocht op. Ik wit dat de glimkjende presentator, Victor Mids, my by de poat hat en dat it allegearre laarje en bedroch is en dochs: it lit my net los. Okkerdeis liet Victor Mids de earste kontrabassist fan it Concertgebouworkest, Dominic Seldis, troch in konsertseal kuierje, dêr't er fan tefoaren allegearre lytse objekten op de stuollen set hie. Op it poadium stie in ûnbiedich pak. 'Dat is de verrassing,' sei Mids. Mar earst mocht Seldis trije dinkjes útsykje om mei te nimmen nei it poadium. Underwilens spile in tal muzikanten in ûnnoazel stikje muzyk dat Victor foar de gelegenheid komponearre hie, sei er. Nei in koarte sneuptocht kaam de ferneamde bassist werom mei in lyts ledikantsje, in fotoke fan in kafee en in miniatuer kofferke. 'Myn hobbys', sei er, 'sliepe, stappe en derop út'. Doe't er it papier fan de 'ferrassing' ôfskuorde, die bliken dat Mids deselde trije dingen al fan tefoaren foar him reeset hie. In echt bêd, in mânske koffer en fjouwer sulveren letters: in C, in A, in F en in E. Unbegryplik. Mar it waard noch mâlder doe't Seldis op in grut boerd de noaten beneame mocht fan it wyske dat syn kollega's spile hiene. B-E-D, C-A-F-E, B-A-G-A-G-E. Hoe is soks mooglik? De iennichste ferklearring dy't ik betinke kin, is dat Victor syn proefpersoan temûk hypnotisearre hie. Mar dat wol my net oan. De measte minsken leauwe, krekt as my, dat se sels beslisse kinne wat se al of net dogge. Op 5 maaie fiere wy dat wy frij binne. Mar al libje wy yn frijheid, wy binne net baas oer ús sels. Dat fielt net sa, mar sa is it al. Us hâlden en dragen wurdt stjoerd troch ûnbewuste senario's dy't oanberne binne. By bisten soene we dat it ynstinkt neame. Sigmund Freud ûntduts dat in stikmannich fan dy senario's ieuwen ferlyn al beskreaun wie yn de klassike mytology. It meast bekende is wol it saneamde Oedipouskompleks. Neffens Freud wolle lytse jonkjes harren mem hielendal foar harsels hawwe en beskôgje se heit as in bedriigjende konkurrint. Datselde wurdt ferteld yn it ferhaal fan Oedipous. Sûnder dat er der weet fan hat (hy wie daliks nei't er berne wie foar alle wissichheid ferballe), trout Oedipous mei syn mem en fermoardet er syn heit. Mar as it oannimlik is dat mytologyske ferhalen gearhingje mei oanberne psychyske prosessen, komt by my fuortdaliks de fraach op oft de Noard-Jeropeeske mytology net folle better dúdlik meitsje kin, wat der yn ús genetysk materiaal oerlevere is. It soe nijsgjirrich wêze om te ûndersykjen yn hokker opsichten de Noard-Jeropeeske goadelear ferskilt fan dy fan it Suden. Wy witte dêr op dit stuit net folle fan, want de Germaanske mytology is sûnt de Hitlertiid taboe. It Nasjonaal Sosjalisme hat him de âlde symboalen sa eigen makke, dat wy dy net mear los sjen kinne fan alle ellinde dy't de Nazi's te weech brocht hawwe. As wy de runeletters SS sjogge, bringe wy dy daliks yn ferbân mei de oarloch. En de opera's fan Wagner, dy't inte binne op de Germaanske mytology, dogge mannichien tinken oan faksistyske hoempapa. As der stúdzje dien wurdt nei genetysk bepaalde eigenskippen, kipet it rassisme al gau om 'e hoeke. Der hoecht men net benaud foar te wêzen. Wittenskip kin ûnmooglik fout wêze. It giet om it gebrûk dat der fan makke wurdt. Dat der karakterferskillen binne dy't bepaald wurde troch komôf, is in feit. It probleem ûntstiet earst as dy eigenskippen ûngelikens kwalifisearre wurde. Minskerassen ferskille, mar dêrom is it iene net per definysje better as it oare. No wol ik my net jilde litte as ien dy't ferstân hat fan de goadenlear fan ús foarâlden, mar ik doar wol út te hâlden dat de minsken hjir yn it begjin fan ús jiertelling oars yn it libben stien hawwe as de kultureel folle heger ûntwikkele folken om de Middellânske See hinne. Dat docht allinnich al bliken út de beskriuwing fan it Walhalla. Dy oarde beskôgje wy no wol as de himel fan de âlde Germanen, mar it Walhalla hat mear fan in fitnesssintrum as fan in Paradys. It wurd betsjut oarspronklik: de seal fan de fallenen. Foar ús foarfaren wie it it moaiste as se stoaren op it slachfjild. De dappersten waarden útsocht troch de Walkuren en nei it paleis fan Odin brocht om te oefenjen foar de alderlêste striid. Dy soe wêze as de iisreuzen losbrutsen en oer de himelbrêge kamen om it goadepaleis yn te nimmen. It stie fêst dat de reuzen dy einslach winne soene, mar dat wie net it punt: it gong derom mei eare te ferliezen. Wat yn it libben nei de dea jilde, jilde fansels likegoed yn it ierdsk bestean. It yndividuele libben telde net, it gong om it fuortbestean fan it folk. Of, om it oars te sizzen: om de mienskip. Soe it wier wêze dat it opkommen foar de mienskip, sa't LF 2018 dat foar eagen hat, ús oanberne is? Freud miende dat alles yn it libben draaide om de fuortplanting, de seks dus. Foar de mediterrane folken kin ik my dat wol yntinke. Dy libben yn betreklike woltier. Mar yn de nuodlike kontreien dêr't it libben ôfhinklik wie fan gearwurking, is it goed yn te tinken dat it opkommen foar de mienskip fan mear belang wie as it genetysk fuortbestean fan de inkeling. Hylke Tromp

Werom nei de haadside