Frjemde fugels

Frjemde fûgels lêstendeis oan it Swin der by Remmelt efter by de batte. Grutte reade wjukken, dy ‘t stadich hin en wer gongen. Der waard ek songen. De sirenen wiene it, dy ’t besochten OEDS yn de ûnderwrâld te hâlden. De kommende wiken sille jim faker sjongen heare. Yn Idaerd. Yn Friens. Yn Reduzum. Fûgels, barchen, brommers, shovels, goaden, goadinnen, fan alles is der te sjen hjir yn en om de fjouwer doarpen. OEDS FAN FIERWEI is kommende wei!!! 100 Mear as 100 frijwilligers binne dwaande om der in prachtige foarstelling fan te meitsjen. En allegear binne se fol fjoer. It giet goed. It giet bêst. It giet geweldich. Wêz der by soe ik sizze wolle. 500 Safolle kaarten binne der al oan de man as frou brocht. It giet dat it slydjaget. Guon jûnen rinne al fol. As jimme foar in spesjale datum kieze wolle, soe ik dat no dwaan. Net wachtsje. Oant no binne alle “Ûnder de toer” produksjes noch útferkocht. En OEDS FAN FIERWEI is in “Ûnder de toer” produksje. Wa ’t swierrichheden hat mei online bestellen, kin freed 8 juny ek telâne op de Versmarkt, op ‘e Haven. Mar stel net ût, wat no dien wurde kin! Wês by dit grutte feest. It giet hurd. As de Linepraat fan juny by jim yn ‘e bus falt is de generale al foar by en hat de Try Out ek al west!! Wier!

Werom nei de haadside