Eagum yn'e tiid fan Odysseus

Yn it kader fan Oeds fan Fierwei is ek yn Eagum wat moais op tou set. Want de foargonger fan ús Oeds, de klassike held Odysseus, hat op it plak dêr’t no de toer fan Eagum stiet, in wachtpost boud. Skriuwer Hylke Tromp wit der alles fan en leit it út yn fjouwer koarte ferhalen. Elke hoeke fan it tsjerkhôf yn Eagum lit sjen hoe’t it Fryske lân derhinne lei yn de tiid fan Odysseus.Troch in ‘kijkdoos’, in panoramaboerd, in âlde kaart en in spesjale sjochpiip wurde jo meinommen yn de histoaryske eftergrûn fan it libben fan Oeds en syn mannen. Dit bysûndere en fermaaklike stikje Oeds-skiednis is yn Eagum te besjen fan 27 juny o/m 13 july en is frij tagonklik at it stek fan it hôf iepen stiet. Wynpriuwerijke Op sneon 7 july fertelt Hylke Tromp om 15.30 oere ûnder de toer yn Eagum noch wat mear oer dit ûnbekende stikje Fryske skiednis en jowe twa Eagumers in taljochting oer de bysûndere tegel dy’t by de toer leit. Nei de rûnlieding is der, op tritich hoannestappen fan 'e toer yn de pleats fan Aqua Vino, in priuwerij fan klassike Grykske winen. Foar mar € 2,50 kinne jo sa noch wat langer yn Grykske sfearen bliuwe! Jou jo gau op fia eagum@theatergroepfier.nl. Fol = fol! Lit ús en de hiele wrâld sjen datst yn it hert fan Fryslân bist. Meitsje in selfie by it boerd ûnder de toer fan Eagum. Set dizze foto mei #LF2018 derby op Facebook en tag Oedsfanfierwei der yn!

Werom nei de haadside