Fan FIER 3

Yn Snits rûkten eartiids alle drogisterijen lekker. Meast nei medisiale krûden en sjippe. Allinnich de drogisterij fan ús heit net. Dy rûkte nearne nei. Doe't ik ús heit frege wêrom't dat sa wie, learde er my dat minsken harren eigen rook net rûke kinne. Dy is gewoan. En sa is it mei alles. Wat gewoan is, falt net op. Dat jildt foar minsken likegoed as foar drogisterijen. Meast fine wy folken dy't oars binne as ús primityf. Se komme net mei ús oerien en dus doge se yn dy sin net. Se hawwe noch wat yn te heljen. Mar hiel inkeld komt it foar dat in oare kultuer ús foar in riedsel set dat wy net oplosse kinne. Earst dan docht bliken dat wy blyn binne oan ien each. Wy sjogge gjin djipte. Sa bedarre ik surfend op it ynternet okkerdeis by in âld swart-wytfilmke fan de Grykske sjongeres Maria Farantouri. Se song in liet fan MikisTheodorakis. It wie Nederlânsk ûndertitele. Ik lies: Op het verborgen strand wit als een duif hadden we 's middags dorst maar het water was brak. Op het gouden (blonde) strand schreven we haar naam, mooi dat de zeebries blies, 't geschrift werd gewist. Met wat een hart, met welke adem wat een verlangen en welke passie namen we ons leven - fout we kwamen in een ander leven terecht. It wie in oandwaanlik liet en ik wie al fuort yn de besnijing fan it waarme lûd fan de sjongeres. Har altstim die my tinken oan dy fan Kathleen Ferrier. It foel my op dat Farantouri it liet sittend brocht. Dat brocht it foar myn gefoel noch tichterby. Letter lies ik dat se berne wie yn in folksbuert yn Athene en as twa-jierrich famke yn in sanatorium ûnderbrocht waard om't se berneferlamming hie. Yn 1963, se wie doe 16 jier, wie Theodorakis by in optreden fan it koar dêr't se yn song. Hy hearde hoe't se syn liet Καημός (fertriet) fertolke en wie djip rekke. Nei ôfrin spruts er har oan en sei dat se berne wie om syn lieten te sjongen. 'Dat wit ik,' sei Maria. Noch dyselde simmer waard se opnommen yn de groep fan de revolusjonêre artyst. Doe't de kolonels yn 1967 de macht yn Grikelân oernamen, waard de muzyk fan Theodorakis daliks ferbean. Hy koe ûnderdûke, mar waard nei fjouwer moanne oppakt en opsletten yn in konsintraasjekamp. Maria Farantouri koe ûntkomme om't Theodorakis har warskôge hie mei in berjochtsje dat er noch gau op it papier fan in pakje kaugom koattele hie. Se flechte nei Parys. Dêr song se de lieten dy't Theodorakis har út it kamp stikem tastjoerde. Al dy ynformaasje is samar op it ynternet te finen. Mar ik koe der mei gjin mooglikheid achter komme wat it liet dat my sa trof, werklik te sizzen hat. Wêr giet it eins oer? Ik kin my yntinke wer't de passy dy twa minsken op it geheime stikje simmerstrân ta brocht hat, mar wat wie der mis mei? En wêrom wie it mar moai dat de namme dy't se yn it sân skreaun hiene, ferwiske mei de wyn? En wat wie dy namme? Dat bliuwt foar my in mystearje en dat wylst ik op oare You-tubefilmkes fan it liet sjen koe dat it Grykske publyk de wurden manmachtich meisong. Se sjonge hertstochtlik oer dingen dêr't ik gjin weet fan haw. No fyn ik it net sa slim dat wy in oare kultuer net begripe kinne. It is folle slimmer as wy dy ferkeard begripe. Want dat hawwe wy sels net troch. Hylke Tromp

Werom nei de haadside