Informaasje oer de foarstelling Oeds fan Fierwei

De reis mei Oeds begjint yn Reduzum, dêr't jo de auto kwyt kinne yn de greide oan de Legedyk. ----------------------------------------------------------------------------------- Fan de ôfslach A32 ôf rjochting Sneek ride jo nei Reduzum oer de Overijsselsestraatweg. Op de Trije Romers yn Reduzum ride jo rjochtsôf de Haedstrjitte yn. Jo nimme de earste ôfslach lofts en folgje de Douwe Sikke Bangmastrjitte en de Legedyk. Nei sa'n 150 m op de Legedyk fine jo rjochts it parkearfjild. ----------------------------------------------------------------------------------- Fan de ôfslach A32 rjochting Wytgaard/Wirdum ride jo troch Wytgaard en oer de Overijsselsestraatweg nei Reduzum. Op de Trije Romers yn Reduzum ride jo loftsôf Haedstrjitte yn. Jo nimme de earste ôfslach lofts en folgje de Douwe Sikke Bangmastrjitte en de Legedyk. Nei sa'n 150 m op de Legedyk fine jo rjochts it parkearfjild. ----------------------------------------------------------------------------------- Komme jo út de rjochting Wirdum/Wergea/Idaerd, dan ride jo (fanwege wurksumheden oan de Legedyk) troch op Haedstrjitte oant jo Reduzum al hast wer út binne . Dan nimme jo de lêste ôfslach rjochts en folgje de Douwe Sikke Bangmastrjitte en de Legedyk. Nei sa'n 150 m op de Legedyk fine jo rjochts it parkearfjild. NEI 6 JULY: komme jo út de rjochting Wirdum/Wergea/Idaerd, dan ride jo troch oant de tsjerke en dan daliks rjochtsôf de Legedyk op. Nei sa'n 200 m fine jo lofts it parkearfjild. ----------------------------------------------------------------------------------- By de Vincentiustsjerke wurde jo ophelle mei de bus en kin de sawat trije en in heal oere duorjende reis begjinne. Wês net te let, want de lêste bus rydt uterlik 14.30 / 19.30 oere. KLEAN EN SKUON It is in reis dêr't jo betiden yn sitte, steane, of kuierje troch de greiden tusken de FIER-doarpen. Wy riede jo oan om laachjes noflik sittende klean oan te lûken, sadat jo neigeraden wat oan- of útdwaan kinne. En doch maklike skuon oan, dy't smoarch wurde meie. Froulju, de hakken kinne wol thúsbliuwe! De foarstelling is net gaadlik foar minsken dy't min rinne kinne. FOARSJENNINGS Under de foarstelling wurdt yn Idaerd fergees kofje en thee ynskonken en yn Friens wetter. Foar in konsumpsje nei ôfrin is de bar ek iepen. Sawol yn Idaerd, Friens as yn Reduzum kinne jo nei it húske. IT WAAR Lokaasjeteater is altyd ôfhinklik fan it waar. Us doel is om sa lang mooglik troch te gean, ek by rein. Allinne by hiel minne waarsomstannichheden (ûnwaar) kin in foarstelling ôflsein wurde. Nim dêrom reinklean mei as der rein ferwachte wurdt. Paraplu's binne net tastien. Giet de foarstelling net troch, dan wurdt dat dyselde deis foar tolven bekend makke op de webside www.theatergroepfier.nl. Yn dit gefal binne der opsjes om de foarstelling letter mei te meitsjen. Spitigernôch kinne kaartjes letter net ynwiksele of weromjûn wurde. EAGUM Jo reis mei Oeds giet net troch it FIER-doarp Eagum. Mar 'ûnder de toer' fan Eagum kinne jo mei help fan in sjochdoaze, in panoramaboerd, in âlde kaart en in spesjale fierker gewaarwurde hoe't it hear der hjir yn de tiid fan Oeds syn foargonger Odysseus hinnelei. Aardich om hjir efkes te sjen ear't jo de auto yn Reduzum parkeare. HAWWE JO FRAGEN? Stjoer dan in mail nei info@theatergroepfier.nl. Jo fine ek mear ynformaasje op www.theatergroepfier.nl. Of folgje ús op Facebook. Wy winskje jimme in goeie reis by Oeds fan Fierwei!

Werom nei de haadside