Fiif stjerren foar Oeds fan Fierwei

Fiif stjerren foar Oeds fan Fierwei De Under de Toer-foarstelling fan Oeds fan Fierwei mei no al in súkses neamd wurde. It ôfrûne wykein hawwe 450 besikers yn it hert fan Fryslân geniete fan de Fryske fariant op de bekende Odyssee fan Homerus. De reaksjes binne priizgjend. 'Fier skoart mei Oeds fan Fierwei' stelt it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant jout de foarstelling mar leafst fjouwer stjerren. 'We binne fansels út 'e skroeven', laket Piter Renia, foarsitter fan de Stifting Theatergroep FIER. 'It is foar it earst dat wy as doarpkes mei inoar in iepenloftspul op poaten sette en dan fuort sa'n boppeslach. De kaartferkeap gong al sa hurd dat we besletten ha twa ekstra foarstellingen te jaan en dan no sokke reaksjes. It kin net better.' Oeds fan Fierwei nimt de besikers mei op reis yn en om de doarpen Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum (FIER). Foar in part wurde de minsken mei bussen ferfierd, foar in part rinne se sels troch de greiden nei in folgjende teaterlokaasje. It is in reis fol humor, muzyk, sang, prachtige kostúms en dekôrs. Under rezjy fan Janneke de Haan wurkje sa'n 200 bewwenners mei oan it Frysktalige skouspul. De foarstelling fertelt it ferhaal fan de thúskomst fan de oarlochsheld Oeds (Odysseus). De feestkommisje is drok dwaande mei de festiviteiten yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018; de nije fontein sil foar it earst spuitsje! De minsken hawwe gjin each foar Oeds, dy't thús syn draai net fine kin, of foar syn húshâlding. It ferhaal fan Odysseus sprekt mei reden sa'n protte minken oan. It is noch hyltyd aktueel: in man, skeind troch de oarloch, moat tsjinslaggen oerwinne ear't er wer yn frede mei himsels en de wrâld libje kin. Oeds fan Fierwei is noch te sjen oant en mei 15 july. Der binne noch kaarten te besetten foar 14 en 15 july. Kaarten binne te krijen fia theatergroepfier.nl/kaartferkeap. Rezjy: Janneke de Haan, tekst: Peter Sijbenga, muzikale begelieding: Sytse Broersma/Peter Sijbenga, kostúms en dekôr: Geartsje van der Zee.

Werom nei de haadside