Fan FIER 17

De Fontein Dat no al hast fjouwer jier ferlyn begûn as in drege syktocht nei in mooglike bydrage fan ús fjouwer doarpen oan it feest fan it kulturele haadplak, rûn de ôfrûne wike út op in ûnferjitlik skoalreiske. Mei syn allen yn 'e bus en sjonge! De foarstelling wie noch niet iens begûn en foar my koe de jûn al net mear stikken. En wat wie der in protte te sjen en te belibjen. It públyk siet bytiden letterlik midden yn it barren en sûnder dat ik hjir de loflike resinsje yn de Ljouwerte Krante nochris oerdwaan wol, neam ik dochs eefkes de rintocht fan de besikers troch de greiden boppe Friens. It byld fan al dy ienlingen, dy't doarmjend oer it Fryske gea swijend harren paad gongen nei de fûl ljochtsjende jûnssinne, wie goud wurdich. Ik sil ek net gau ferjitte hoe't daliks al yn Idaerd Peter (of wie it dochs Oeds) finaal troch syn wite túnstoel gong en plat op syn rêch trochspile op de gitaar as hearde it derby. Hy hie syn leske goed leard. Yn de alderlêste notes fan Janneke hie ik lêzen: 'Mochten cue’s (en afgesproken notes) toch niet helemaal zo gaan zoals het moet. Laat het dan niet zien. (Het publiek weet toch niet beter). Pas als je laat zien dat er iets mis gaat, dan ziet het publiek dat er iets misgaat. Peter; Dit kreeg ik gisteren bijvoorbeeld terug uit de scene met Kirkje, mensen zagen aan jou als Peter dat Kirkje een tekst vergat. Hoe je dat later oploste, toen je direct weer in je rol kroop, was vervolgens super! (Je hielp haar vanuit je personage). Maar val niet eerst terug naar Peter, blijf in je rol!' No, dat die er! En Peter net allinne. Dat diene se allegearre. Fan begjin oant ein. Alle spilers en benammen ek de sjongers yn it koar bliuwen de hiele jûn folslein yn harren rol. Janneke hie fan in grutte kliber losrinnend folk in toanielploech makke. Alle aparte dripkes makken mei inoarren in sprankeljende fontein fan spylnocht en kreativiteit! En dêr woe ik it by eintsje beslút noch eefkes oer hawwe. Yn de foargeande stikjes haw ik gauris skreaun oer de djippere betsjutting fan Homeros syn Odyssee. En sa haw ik ek wolris eefkes nei it stik sjoen. Benammen nei de fontein. No hie ik dat net sels betocht: yn it programmaboekje hie ik al lêzen dat in fontein in symboal is. En dat waard ús yn de bus ek nochris ferdútst: 'al dy wetterdrippen ferbyldzje mei elkoar it stribjen omheech, nei it gelok, in brûzjend langstme om mei elkoar it bestean te fieren'. Foar it publyk waard it ûntbleatsjen fan de priiswinnende fontein fan Fierwei troch de feestkommisje presintearre as it hichtepunt fan de jûn. Dat Oeds op it selde stuit nei tsien jier fjochtsjen om Troaie weromkaam yn it doarp dêr't syn frou en syn soan op him wachten, wie allinnich mar ferfelend. It belang fan it yndividu wie in lêst foar de mienskip. Dat wol sizze: foar it oansjen fan de kommisje, dy't de mienskip fertsjintwurdige. Om op smaak te kommen krigen de oanwêzigen op foarhân al in fris bekerke fonteinwetter oanbean. Mei alles wie rekkene. Mar wat die bliken? De pessimisten en swartsjenners krigen gelyk. De fontein fan de bline Kening Ieneach wie in flutding. It wetter spatte eefkes futleas omheech doe' it ballontsje trochprikt waard, mar fierders stelde it gjin sprút foar. Efternei besjûn moat ik earlik sizze dat ik by de tarieding fan ús spektakel bytiden wolris benaud wie dat de ambysje ús boppe de holle groeid wie. Hiene wy as fjouwerdoarpen feestkommisje foar 2018 net tefolle hea op 'e foarke? De aloan waaksjende rige nullen op 'e begrutting griisde my oan as likefolle leechholtsjes dy't mar mienden dat de beammen hjir ta yn 'e himel groeiden. Mar oan 'e ein fan it ferhaal kaam de wierheid boppe wetter. In merakel sa't se dat allinnich mar yn Fierwei betinke kinne. In omkearde fontein! En doe seach ik in djippere betsjutting fan it spul. Dy't tsjin alles yn de mienskip eat optwinge wol dêr't nimmen ferlet fan hat, komt foar it feit te stean dat syn eigenikkige ballontsje wreed trochprikt wurdt mei in begrutlik effekt. De opleine keunst fan Kening Ieneach slacht net oan. It is in spul fan neat. Yn dy sin wie ús Fjouwerdoarpenfeestkommisje lokkigernôch út oar hout sniden as it kulturele bestjoer fan Fierwei. Se sieten net allinne mar te kedizen, mar stutsen tagelyk de hannen út de mouwen en skuorden meiïnoar it spektakel boppe wetter. En doe gong it los. Net troch twang fan bûtenôf, mar troch de krêft dy't der al wie! Yn potinsje wol wetter fan himsels skitterje. Men hoecht dy potinsje allinnich mar frij te meitsjen. En dat kostet muoite. Mar as it ien kear safier is, dan is it effekt ferbjusterjend. Oant sjen oer trije jier! Hylke Tromp

Werom nei de haadside