Under de toer fan Eagum

Sa'n 25 minsken besochten sneontemiddei de eksposysje oer Odysseus & Oeds yn Eagum. Hylke Tromp joech in humoristyske taljochting by dit bisûndere stikje Fryske skiednis. Want dy Griken en Romeinen meie dan in protte beweard hawwe oer beskaving en goaden, fan it bestean fan de Friezen wisten se neat. Sadwaande wisten se net dat de namme fan de klassike seegod Neptunus in ferbastering is fan Neef Theunis, in Fryske seefarder! Dy't dêr mear fan witte wol, moat it Oera Lindaboek mar ris lêze. Eagumer Tjeerd van der Hem fertelde oer wat er meimakke hat mei de âld studinteferiening Frisia út Grins, dy't alle jierren ûnder de toer fan Eagum in ûntgrienings-seremoanje hold. Tjeerd hat dêr in bisûndere stropdas en in earelidmaatskip fan de feriening oan oerholden. Aqua Vino hie nei de rûnlieding in priuwerij fan Grykse winen reeset. Dêrby wie de link mei Odysseus en Oeds ek fan belang; ûnder oaren koene de favorite winen fan syklopen en sirenen preaun wurde. De eksposysje ûnder de toer fan Eagum is troch in wurkgroep ûnder lieding fan Mim Hardege op poaten set en is noch te besjen oant en mei 15 july.

Werom nei de haadside