Fan FIER 6

Fan 't maityd bouden twa krieën heech yn in wylgebeam by ús efter hûs in nij nêst. Ik siet der geregeld nei te sjen en ik frege my ôf: hoe witte sokke fûgels hoe't se dat hawwe moatte? Tja. Fan hwa hawwe de bijen leard hoe't se dûnsje moatte om de oare bijen it paad nei in gaadlike blom te wizen? En hoe wit de skiere iel wêr't de Saragossasee te finen is? It andert op al dy fragen is maklik. Dat witte se net, dat seit it ynstinkt. Okee. En hoe wurket dat ynstinkt dan? En hawwe minsken ek sa'n ynstinkt? Op dy fraach is it andert allike ienfâldich: dat kinne wy net witte, want it ynstinkt wurket bûten it witten om. Sa wat troch prakkesearjend komst samar op de fraach hoe't it ferstân yn de wrâld kaam. Tochten ús foarâlden fuortdaliks krekt sa as ús? Nee dus. Mar hoe dan? En hoe is dat tinken ea begûn? Kinne apen tinke? Ja. Minskapen kinne wonder goed tinke. Se kinne helpmiddels meitsje en witte fan oarsaken en gefolgen. Sa moat it minsklik tinken dus ek ûntstien wêze. Oft apen betinke kinne dat eins alles in oarsaak hawwe moat, wit ik net en faaks is it op dat punt dat de evolúsje fan ús ferstân begûn is. Mei de wet fan oarsaak en gefolch kin ien yn de takomst sjen. Dêrom is it om te oerlibjen fan grut belang safolle mooglik fan dy wetmatichheden te witten. Alles dat der bart, hat in oarsaak. En beskate oarsaken hawwe fêste gefolgen. Dat is it begjin fan de wittenskip. Mar wat as de wittenskip op in protte fragen noch gjin andert hat? Dan komst bygelyks yn de wrâld fan de âlde Griken. Dy wisten noch fan gjin luchtdrukferskillen en koene dus gjin oare oarsaak foar stoarmwyn betinke as in hegere macht, dy't boppe it minsklik ferstân útgong. Dat wie de god Aeolus, dy't de fjouwer winen bewarre yn in grot en losliet, as er yngripe woe yn it minsklik dwaan en litten. Fan him krige Odysseus in sek mei alle tsjinwinen, sadat er sûnder swierrichheden thús komme koe. Dat it lykwols net slagge, wie de skuld fan syn freonen: se wiene benijd wat der yn dy frjemde sek siet en makken him iepen. Sa giet it gauris yn de Odyssee: as it mis kin, dan giet it mis. Dat is de wet fan Murphy. Mar dat koe Homeros noch net witte. Dy't him net hâldt oan de wetten dy't de goaden ynsteld hawwe, moat de gefolgen as in straf ûndergean. En dat liicht der net om. Ien fan de meast sprekkende foarbylden yn de Odyssee is it ferhaal oer it fee fan de sinnnegod Helios. Doe't Odysseus en syn mannen tusken de Skilla en de Karibdis noch mar krekt de dea ûntkomme koene en deawurch op see omswalken, kamen se by it eilân Trinakria, dêr't de god fan de sinne syn fee weidzje liet. Odysseus doarst net oan wal te gean om't er troch de tsjoenster Kirke warskôge wie, mar de oaren wisten him te bepraten en beswarden him dat se fan it kostike fee ôfbliuwe soene. Mar al gau rekke harren iten op en doe't Odysseus eefkes op ûndersyk út wie, wist Eurylochos de oaren dúdlik te meitsjen dat se de kar hiene tusken twa kweaën: no omkomme fan 'e honger, wylst der iten genôch wie, of skylk straft wurde troch Helios, dy't se faaks mei djoere beloften foarearst wol eefkes paaie koene. Doe't Odysseus weromkaam, wie it te let: de mannen hiene in pear fan de fetste bollen slachte. De gefolgen wiene jammerdearlik. It skip wie noch net wer op see, oft de razende goaden namen wraak. De hiele bemanning kaam om yn in alderôfgryslikst needwaar. Allinnich Odysseus koe it libben rêde. Hjoed-de-dei hat it rasjonalisme de goaden foargoed ferballe nei mearkeslân. Eat dêr't men mei de pet net by kin, kin net wier wêze. Of it is tafal. Krekt as soene wy alles dat der bart, begripe kinne. It ferhaal fan Helios syn fee is net allinnich mar in klassike mythe. It lit noch altyd sjen dat tinken dat rjochte is op it daliks befredigjen fan ferletten, it meast wint fan it rekkenjen mei de gefolgen yn de takomst. Krekt as de maten fan Odysseus brûke wy de wrâld leafst om der sa gau as it kin sa folle mooglik fan te profitearjen. 'Apres nous le déluge', sei Madame de Pompadour. En wy: 'Skylk skyt der wol wer in fûgeltsje dat no noch gjin kont hat'. En ûnderwilens helpt ús generaasje de wrâld nei gychem. Wollens en wittens. Wy libje net mear yn de wrâld fan de âlde Griken, want wy tinke oars. Mar likegoed soe it in goed ding wêze as wy wat mear respekt krigen foar de ûnmjitlike djipte fan it wrâldmystearje en ús wat minder liede lieten troch it ynstinkt. Hylke Tromp

Werom nei de haadside